| YNHALD 
 Foarbestimming Tiidreizen It
        wiere leauwe Boppe Thússide 
 Foarbestimming Tiidreizen It
        wiere leauwe Boppe Thússide 
 Foarbestimming Tiidreizen It
        wiere leauwe Boppe Thússide 
 Foarbestimming Tiidreizen It
        wiere leauwe Boppe Thússide 
 Foarbestimming Tiidreizen It
        wiere leauwe Boppe Thússide 
 Foarbestimming Tiidreizen It
        wiere leauwe Boppe Thússide 
 Foarbestimming Tiidreizen It
        wiere leauwe Boppe Thússide 
 Foarbestimming Tiidreizen It
        wiere leauwe Boppe Thússide 
 Foarbestimming Tiidreizen It
        wiere leauwe Boppe Thússide   | Foarbestimming en frije wil As wy it web op dat
        ûnderwerp trochsykje, dan fine wy in grut tal teologyske
        ferhannelings. Dizze is lykwols boud op logyske
        redenaasje.
 1. Alle foarfallen binne ûnderling ferbûn troch
        de regels fan oarsaak en gefolch.
 Dat jildt foar fysika en gemy, mar likegoed foar it
        deistige libben. Stel do hast in auto-ûngelok hân om'st
        yn in heilstoarm kaamst om'st op besite woest by in âlde
        freon, oan wa'st tocht hiest om't der in aparte ljochtfal
        yn 'e tún wie, dy't kaam fan sinnestrielen troch
        reinwolkens, dy'st krekt sjoen hiest, om'st nei it rút
        gien wiest om te sjen oft dyn klean byinoar kleuren.
 
 2. Wy sille de regels fan oarsaak en gefolch nea
        yn detail witte.
 Yndied witte wy yn fysika en gemy tige krekt de regels
        fan oarsaak en gefolch yn gâns prosessen. Lykwols witte
        wy net krekt, hokker atoom ferbûn wurde sil mei dat iene
        oare op in beskaat stuit; wy witte it allinne statistysk.
        En sels dêre binne gâns ûnbekinde fjilden. Sels yn
        silisium, it bêst bestudearre elemint fan hjoeddedei,
        binne gâns effekten dy't wy net begripe. En in bulte
        dingen sille wy nea begripe, noch yn it minst de emoasjes
        yn ús eigen holle! Wy moatte dêrom tige beskieden wêze
        yn it foarsizzen fan 'e takomst!
 
 3. De minsklike ûnfolmakkens is de grûnslach
        fan ús frijheid.
 As wy de regels fan oarsaak en gefolch krekt wisten, dan
        wie der gjin frijheid. Om in lang en lokkich libben te
        hawwen, soene ús wegen tige krekt lein wêze fan it
        begjin oant de ein. Der soe gjin teloarstelling wêze en
        gjin ferrassing. It libben soe wier ferfeelsum wêze.
 Yn wurklikheid moatte wy lykwols altyd kieze, diskant út
        of dy kant út. Hjirhinne gean of dêrhinne gean - dit
        sizze of dat sizze. In frisselwurk fan mûglikheden
        sûnder ein leit foar ús, elke dei, elke wike, elk jier.
        Wy sitte altyd tusken noed en lok. Dat makket ús libben
        spannend en it jout ús de mûglikheid it bêste derfan
        te meitsjen. En it is ús lok, dat wy folslein ûnwittend
        binne oer de foarbestimming op in heger nivo.
 
 DAT DER IS FRIJE WIL EN FOARBESTIMMING OP ITSELDE STUIT.
 Guon minsken sille dêrtroch teloarsteld wêze, om't
        se de leavjende hân fan'e Skepper misse. Mar soe Hy net
        wêze efter dy gearstalde regels fan oarsaak en gefolch,
        dy't it ús mûglik meitsje lokkich te libjen op dizze
        ierde? PK
 
 
 
 
 
 Tiidreizen
 
 Sûnt âlde tiden hat de minske besocht út 'e realiteit
        te stappen. In mûglikheid dêrta liket te lizzen yn it
        stappen út jins tiid. Ferskaten fan ús hawwe noch weet
        fan Wells syn Tiidmasine en hy hat gâns
        neifolgers krige. Mar wat is tiidreizgjen en soe dat wier
        mûglik wêze?
 
 Op in dei lang ferlyn besocht ik de oarsaak te finen fan
        in ynstabiliteit (trilling) yn in skeakeling troch mei in
        ossilograaf de tiden te ferlykjen dêr 't in beskaat
        ferskynsel mei ferskynde op beskate plakken yn 'e
        skeakeling. Redenearjende dat oarsaak altyd komt foar
        gefolch, besleat ik dat de boarne fan 'e ynstabiliteit
        lizze moast op it plak dêr't er it earste ferskynde.
        Dêr makke ik in feroaring en de skeakeling waard stabyl.
 
 Hjoeddedei mei Nyquist-diagrammen en sa witte wy dat
        ynstabiliteit in bytsje gearstalder is, mar op dat stuit
        krige ik yn'e rekken dat tiid allinne definiearre is
        troch oarsaak en gefolch.
 
 Dat is de oarsaak derfan dat de yndruk fan tiid sa
        ûngelyk weze kin: as't wachtest op in trein of in
        fleanmesine dan kin in oere sûnder ein lykje, mar as't
        nei in spannende film sjochst of praatst yn goed selskip,
        dan liket de tiid samar fuort te rinnen. De tiid liket yn
        wierheid teld te wurden troch it tal fan 'e foarfallen.
 
 Dat makket dúdlik dat tiidreizgjen in contradictio
        in terminis is. Tiidreizgjen is dêrom kleare
        ûnsin, om't it oarsaak en gefolch omkeare soe. En dat
        mei in ûnderwerp wêze wat troch guon skriuwers
        yngenieus útarbeide is, yn feite soe it in ûnmûglike
        wrâld meitsje. Dêrom: tiidreizgjen is neat.
 
 Soe der dan gjin mûglikheid wêze om te ûntkommen
        oan in bytiden ûngelokkige of ferfelende wurklikheid?
        Jawol, it is yn dyn harsens. Want de wurklikheid is sa'st
        him sjochst. Immen kin folslein lokkich wêze yn
        omstannichheden dêr 't oaren har deadlik yn ferfele. Mar
        dêr is hiel wat oan te dwaan troch dyn gesichtspunt te
        feroarjen. Sels yn it djipste leed is der in sinnestriel
        bûten, foar dy! Hoechst allinne mar te sjen. PK
 
 
 
 
 
 Wat is it wiere leauwe?
 
 Gâns minsken nimme de Bibel ta har liedsman en se binne
        der lokkich mei. Ik wol net immens leauwe ferniele, mar
        der binne dochs in pear dingen dêr't om tocht wurde moat
        om wille fan 'e frede yn ús wrâld.
 
 Om de Bibel te begripen hawwe wy ferlet fan in oersetter,
        in útlizzer. En it frjemde is no, dat der safolle
        leauwen lykje te wêzen as dat der útlizzers bine. Men
        kin sels konkludearje dat der safolle leauwen binne as
        dat der leauwigen binne, want wy lizze de útlizzers
        allegearre op ús eigen wize út. Guon wurden jouwe net
        deselde fielings en ynterpretaasje foar guon minsken as
        foar guon oare minsken.
 
 Soks makket gâns minsken tige ûnrêstich, om't se noed
        hawwe de fêste grûn under har fuotten te ferliezen. Dat
        kin ien fan 'e redenen wêze om oare oertsjûgings te
        ûnderdrukken. Dat is in algemien type fan minsklik
        gedrach; net allinne guon religys plichtsje ôfwikende
        tinzen te ûnderdrukken, mar neimaak-religys lykas it
        kommunisme dogge dat ek.
 
 Mar as it derop oankomt, fyn ik dat der gjin reden is
        foar ûnrêst yn dit stik fan saken, want salang as elk
        fêsthâldt oan syn of har leauwe, salang is der neat om
        bang foar te wêzen. Wy meie sels bliid wêze dat de
        Bibel sa'n rike ynhâld hat, dat er in liedsman wêze koe
        foar minsken al dy 2000 jier lang en faaks langer, dat er
        stipe en treast jout oan minsken fan de stientiid oant de
        kompjûtertiid.
 
 Wy moatte net ferjitte dat it witten dat wy út 'e Bibel
        krije, basearre is op leauwe. Sadree't wy twivelje oer de
        wierheid fan 'e Bibel as God's Wurd, nimt syn wearde ôf.
        Der binne lykwols dingen yn 'e Bibel, dy't op harsels
        steane. Alles kin in leagen wêze of in mythe, sa't guon
        tinke, mar der is noch altyd it goede nijs fan God's
        almachtige leafde foar de minsken en 'e wrâld. Sadree't
        wy dat leauwe kinne, hawwe wy de sterkste boarne fan
        treast.
 
 Sels wannear't elk fan ús sterk oerstjûge is fan
        syn/har leauwe, sille wy dochs tajaan moatte dat der oare
        leauwen binne, dy't ek berêste op'e Bibel of op oare
        hillige boeken. Dat betsjut faaks dat de Wierheid
        mearfoarmich is, dat wy lytse minsken net sjen kinne wat
        derefter sit. Dan moatte wy leauwe dat alles yn 'e ein
        goed wêze sil. It is lykwols in wichtige saak, dat wy de
        regels fan ús eigen útlis net langer oplizze kinne oan
        beliders fan in oar leauwe. Fierste faak binne
        ûnskuldige minsken tuchtige ta de dea op grûn fan
        regels dyt' troch ús lytse minsken op grûn fan 'e Bibel
        konstruearre wiene. Lit ús dochs beleaven minder
        pretinsjeus wêze!
 
 En om de frage te beänderjen: it wiere leauwe is DYN
        leauwe! PK
 Werom nei: frysk.htmokt99
 |