Sinusitis by dragers fan it Cystic Fibrosis gen. | English |
Cystic Fibrosis (CF) is in deadlike kwaal dy't
erflik beskaat is.
"Sawat 1 fan'e 20* minsken is drager fan it CF gen en as
twa dragers âlden fan in bern wurde, dan is der in kâns fan 1
op 4 dat de lytse berne wurdt mei Cystic Fibrosis."
www.internet-ireland.ie/horizon/cfireland/cfmain.htm
*Dat binne Ierske gegevens; yn de westerske wrâld yn it gehiel
is it 1 fan'e 30.
Oant no ta waard benammen acht slein op'e sykte sels, dy't slim
genôch is.
It docht lykwols bliken dat dragers fan it it gen ek medyske
gefolgen derfan ûnderfine.
"De gelearden foarsizze dat it risiko om groanyske
sinusitis to krijen sawat dûbel sa grut is as Jo in drager binne
fan it CF-gen."
www.sinuspharmacy.com/news_cf.html
Dêrom haw ik dizze side makke om sa de belangen fan 'e dragers
fan it CF-gen te bondeljen en mûglikheid te jaan ta it
útwikseljen fan ûnderfinings.
Mûglike ûnderwerpen:
- Hat de sinusitis yn dit gefal spesjale eigenskippen? (sjoch it artikel hjirûnder).
- >Metoaden om sinuitis yn dit spesjale gefal te bestriden.
- In beskaat soarte gebouwen dat dizze sinuitis-oanfallen oan 'e gong liket te
bringen.
Sike gebouwen |
Guon
gebouwen lykje oanfallen te feroarsaakjen. 24 oeren nei't
men der west hat wurdt men ûngemurken wei wurch yn it
hiele lichem en men kriget pineholle en fol gefoel yn'e
foarholle. Dit kin foarkommen wurde troch in minút of fiif in rút iepen te setten sadree't men der komt (of freegje fantefoaren oft in finster iepen mei). It ferskynsel liket minder faak foar te kommen boppe yn gebouwen (iepene souders en sa), dat it liket om in swier gas te gean (formaldehyde?). "Gewoane" minsken hawwe der gjin lêst fan. |
![]() LC 28-1-03 |
Klacht: Swiere pine holle en faak in gefoel fan grutte wurgens. | |
Wurdt der neat oan in
oanfal dien dan kin dy trochgean en op en doer koarts
feroarsaakje. In ienfâldich middel is it spielen fan de noasholten mei skjin lij wetter (in fysiologyske sâltoplossing helpt net!). Dit helpt meastentiids binnen de fiif minuten! As it tige djip sit is it noch better om sa'n 10 minuten mei it gesicht boppe in skaal mei hjit dampend wetter sitten te gean mei in doek oer de holle. Brûk dêr gjin Menthol by; dat taast op 'en doer it rûkfermogen oan!
|