Midsieuske demokrasy
P. Kramer.
Side ophelle M/D/J:
De stúdzje fan it ûntstean en de ûndergong fan 'e midsieuske demokrasy yn'e Fryske gebieten kin wichtige ynformaasje opleverje yn ferbân mei it funksjonearjen fan 'e demokrasy yn 'e moderne wrâld.
YNHALD

Befolkings-
tichtens

Hannel

Demokrasy

Konklúzje

Noaten

Nei boppen

Frysk.htm

Thússide


Befolkings-
tichtens

Hannel

Demokrasy

Konklúzje

Noaten

Nei boppen

Frysk.htm

Thússide


Befolkings-
tichtens

Hannel

Demokrasy

Konklúzje

Noaten

Nei boppen

Frysk.htm

Thússide


Befolkings-
tichtens

Hannel

Demokrasy

Konklúzje

Noaten

Nei boppen

Frysk.htm

Thússide


Befolkings-
tichtens

Hannel

Demokrasy

Konklúzje

Noaten

Nei boppen

Frysk.htm

Thússide


Befolkings-
tichtens

Hannel

Demokrasy

Konklúzje

Noaten

Nei boppen

Frysk.htm

Thússide

Befolkingstichtens
Fryslân moat yn 'e iere midsieuwen in relatyf hege befolkingstichtens hân hawwe. Slicher van Bath1 berekkent út it tal terpen en it tal huzen op elke terp, kombinearre mei de opjeften fan it goedsregister fan Fulda, dat Westergoa om 900 hinne in tichtens fan sa'n 20 ynwenners de km2 hân hawwe moat. Yn West-Europa waard it dêryn allinne oertroffen troch it Seinegebiet by Parys, de omkriten fan St. Omaars en tinklik it Rynlân by Keulen en it Maasgebiet bij Maastricht, Luik en Hoei.

Sokke befolkingstichtheden wiene yn dy tiid fierste grut om fan de betreffende grûnoerflakken ite te kinnen. Dêrom moast nôt ynfierd wurde, dêr't út lettere tiid ek berjochten oer binne. Dêr falt út te konkludearjen, dat der in oansjenlike wolfeart hearske hawwe moat, dy't boud wie op in sterk ûntwikkele feetylt en in dêrop oanslutende hannel, dy't mûglik wie troch de geunstige lizzing oan it wetter. Oan 'e kust koe him dêrtroch in jild-ekonomy hanthavenje, wylst yn it binnenlân in guod-ekonomy ûntstie. Om dy reden wie der oan 'e kust ek gjin fiedingsboaiem foar it ûntstean fan in feodaal stelsel. Safier globaal Slicher van Bath.

Hannel
Ut skriftlike meldingen fan tiidgenoaten en archeologyske ûndersikings bout Lebecq2 in byld op fan dy midsieuske hannel. It docht bliken dat de Friezen de grutste hannelers fan 'e Noardsee wiene en dat hja wichtige ferbinings hiene nei de Eastsee en it Kanaal (sj. kaart).

Hja hannelen yn hûden, pelzen, metalen en wol, mar ek yn wyn, side en speserijen. Har wichtichste hannelswaar wiene lykwols slaven. Dy hannel docht ek bliken út in grut tal muntfynsten en sels kaam in eigen muntsoarte ta ûntjouwing, de lytse sulveren sceatta. Op gâns plakken moatte Fryske hannelskoloanjes west hawwe.

Nei sawat it jier 900 waard de hannel oer see minder troch de ynfallen fan de Noarmannen. Ynstee dêrfan kaam de Fryske hannel no yn it binnenlân ta ûntjouwing, benammen oer de Ryn en de Elbe en oer de grutte lânrûtes. Earst troch de opkomst fan de Hânze rekke it kustgebiet syn oerwicht kwyt.

Sceatta's (neffens Lebecq I, 44).


Demokrasy
Troch it ûntbrekken fan it feodale stelsel ûntwikkele him oan 'e súdkust fan 'e Noardsee in stelsel fan min of mear demokratyske republykjes, dy 't in grutte samling rjochtshânskriften neilitten hawwe. Ta de meast opfallende dêrfan hearre de rjochtshânskriften fan Brokmerlân3 by Aurich.

It Brokmerlân wie oarspronklik een sompige krite, dy 't sûnt sawat 1200 yn kultuer brocht waard troch kolonisten út de der ticht by lizzende Iemsgoa. De kolonisaasje ferrûn foarspoedich, wat te sjen is oan it feit dat der foar 1250 al seis tsjerken boud wiene. Om dat jier hinne moat der in ferdrach mei de Iemsgoaërs sletten wêze, wat sa te sjen liedt ta selsstannigens fan Brokmerlân. Inkelde tsientallen jierren letter moat dan it earste wetboek ûntstien wêze - it Brokmerbrief, dat de grûnslach fan de bewarre bleaune hânskriften foarmet.

It Brokmerbrief falt op troch syn frijmoedige demokratyske toan. Ferskate kearen wurdt in wet ynlaat mei "And thet wellath brocmen" (en dat wolle de Brokmannen- de ynwenners). Ferhelderjend is ek it ferbod op it bouwen fan boargen yn $159, dat keare moat dat lykas yn 'e buorgewesten de macht grypt wurdt troch "haadlingen" mei as gefolch dat ferwoastigjende feten útfochten wurde. Om dyselde reden mei in "redjeva" (haadrjochter) net langer as ien jier yn syn ambt bliuwe. Dat oan 'e ein letter noch sterkere bepalings yn dy geast tafoege binne, jout oan dat de feten aloan yn krêft tanimme. Uteinlik sil dizze benei ideale demokrasy dêr ek oan ûndergean. Sa wurdt de Brokmer haadling Ocko tom Broke ien fan 'e earsten dy 't ek macht oer buorgewesten kriget.

Konklúzje
It opkommen fan it haadlinge-stelsel betsjutte de ein fan 'e Fryske demokrasyen: oarlochfieren ferfong ûnderhanneljen as middel fan belangebehertiging. It is fan grut belang om te begripen wêr 't dat haadlinge-stelsel troch ûntstie en de langere hanthavening fan 'e demokrasy yn Brokmerlân kin ús dêr wat leare.

De kolonisten sille oer it algemien earme stakkerts west hawwe: minsken sûnder besit, soannen dêr 't op 'e âlderlike pleats gjin plak mear foar wie. Yn dy omstannichheden berêste wolfeart benammen op wurk en sa hie elk yn prinsipe likefolle kânsen en sille de ûnderlinge wolfeartsferskillen yn it begjin net sa grut west hawwe. Neitiid sille lykwols handigens en slûchslimmens mear in rol begûn wêze te spyljen en sille guon it ta gruttere rykdom brocht hawwe. Gruttere rykdom freget om beskerming en dêrmei is de haadling berne.

De frage is no, hoe 't dan dochs de demokrasy yn de folle rikere buorgewesten ûntstien is. It andert moat wêze, dat dy rykdom oarspronklik net op 'e lânbou berêste, mar op 'e hannel. In boer hat syn rykdom op it lân en is dêrmei oerlevere oan 'e gritsen fan in buorman mei in legerke, dy 't him sa twinge kin ta it beteljen fan belesting. De hanneler dêrfoaroer is folle fleksibeler; syn konneksjes binne syn kaptaal en hy kin him betreklik maklik earne oars fêstigje en is dêrom foar de haadling folle ûngrypberder. Dêrom kin krekt yn in op hannel basearre maatskippij demokrasy ûntstean en florearje.

Mar der spilet noch wat oars. De Fryske demokratyen stiene oanienwei bleat oan 'e druk fan bûtenlânske hearskers, dy 't fûnen dat sa'n folk sûnder hear eins net koe en dat hja it dêr better sels te kedizen hawwe koene4. Op allerhanne wizen besochten se te ynterveniearjen en dat slagge better neigeraden de kusthannel yn wichtigens ôfnaam en dêrmei de kustgebieten har relative rykdom ferlearen. Hja stipen dan wer dizze partij en dan wer dy, wat late ta ferswakking fan 'e demokrasy en yn 1498 ta totaal yninoar fallen derfan yn it kearngebiet, de tsjintwurdige provinsje Fryslân. Dêr folget út dat demokrasy it bêste florearje kin yn in relatyf ryk lân.

In útsûndering biedt Sealterlân. Dy stienearme krite wie tige slim te berikken en dêrom leanne it foar de grutmachten net om dêr wat te heljen. As gefolch dêrfan koe it lytse lantsje syn demokratyske rjochtspraak bewarje oant 1811. Tredde konklúzje: demokrasy kin bestean bliuwe yn lannen dêr 't neat te heljen is.

NB. Dat de boppe oanhelle feiten yn 'e Nederlânske skiedskriuwing sa'n bytsje oandacht fûn hawwe, komt nei alle gedachten om't se sa sterk oan'e namme fan 'e Friezen ferbûn binne, al moatte wy dan ûnder Friezen faaks dochs wol wat oars ferstean as hjoeddedei. Mar miskien leveren se dêrtroch net foldwaande Nederlânske nasjonale eare op om foar de skiedskriuwers ynteressant te wêzen en faaks waard de kennis derfan sels wol as gefaarlik sjoen. Objektyf beskôge is dy midsieuske hannel lykwols de regelrjochte foargonger fan 'e hannel fan 'e "Gouden Ieu", dy't Nederlân letter ta it machtichste lân fan 'e ierde makke.

NOATEN
1. B.H. Slicher van Bath, Middeleeuwse welvaart in: J.J. Kalma e.o. útj., Geschiedenis van Friesland, Ljouwert 1973: 201-228.
2. Stéphane
Lebecq, Marchands et navigateurs frisons du Haut Moyen Age, Lille: Presses Universitaires de Lille, 1983. ISBN 90-6171-791-4. Ek yn it Frysk: Fryske keaplju en seefarders fan de iere midsieuwen. Fryske Akademy, Ljouwert 1994 (twa dielen).
3. Die Brokmer Rechtshandschriften, uitgegeven door W.J. Buma, 's-Gravenhage 1949. (Benammen brûkt siden 16*-20* en 54*-56* fan 'e ynlieding).
4. Oebele Vries, Het Heilige Roomse Rijk en de Friese vrijheid, Leeuwarden 1986.

Werom nei Frysk.htm