Federalisme as libbenshâlding
P. Kramer Is der in FNP-ideology? Side ophelle M/D/J:
Der liket in nije tiid te kommen foar it federalisme, dat ommers it ferskaat preket.

Tradisjoneel is federalisme in politike rjochting dy't ynfloed fan 'e dielen foarstiet, yn tsjinstelling ta sintralisme, dat in sintraal bestjoer befoarderje wol.

Neffens it federalisme foarmje de dielen meiinoar in federaasje, dy't troch oerlis ta besluten komme moat. Sa'n federale steatsfoarm hat as neidiel dat it net sa maklik ta ienriedige beslútfoarming komt, wylst de sintrale steatsfoarm as neidiel hat dat regionale ferskillen net achte wurde en dat de besluten tige fier fan 'e minsken ôf nommen wurde.

Foarbylden fan lannen mei in federale steatsfoarm binne Switserlân en de Feriene Steaten fan Amearika en ek it Nederlân fan foar 1798. Nederlân is oergien ta in sintrale steatsfoarm ûnder ynfloed fan 'e Frânske revolúsje, it earste grutte politike dogma fan ús tiid, dat gjin tsjinspraak en dus ek gjin ferskaat brûke koe. Boppedat rêste de âlde federale struktuer foar in grut part op 'e adel en joech dus net genôch rûmte oan 'e nije ekonomyske middenklasse fan dy tiid. Sa waarden mei de nije steatsfoarm dus hiel wat âlde misstannen oprûme en ûntstie as reaksje alteast yn Fryslân in sterker regionaal bewustwêzen.

In dizze nije ieu docht bliken dat de âlde dogma's har tiid hân hawwe; net ien fan allegearre hawwe se de ideale wrâld brocht dy't se foarseine en de problemen fan hjoeddedei hawwe se net foarsjoen en lykje se net oplosse te kinnen. De tiid fan marsjearjende massa's is foarby. Nei twahûndert jier is it sintralistyske stelsel ferrotte.

Dit wurdt de ieu fan de twivel en twivel is hiel sûn. It bewarret de oerheid foar ûnberette besluten en makket dat hja better nei de boargers harket. Sa liket in nije tiid te kommen foar it federalisme, dat ommers it ferskaat preket. En it is krekt it oanfurdzjen fan dat ferskaat - net allinne fan regio ta regio, mar oeral yn'e maatskippij - dat in nije basis oan de mondiale mienskip jaan kin.

Nei twa ieuwen fan bloeiende wittenskip komt de minske ommers mear en mear ta it ynsjoch dat er de problemen net sa maklik oankin as noch hûndert of fyftich jier lyn tocht waard. Troch myn wurk yn 'e tapaste fysika - dêr 't hast elke teory daliks yn 'e praktyk toetst wurde koe - bin ik ta it ynsjoch kommen dat de minske de wierheid nea berikke kin; hy sit der altyd in eintsje neist en is soms folslein mis. Dan folgje wer nije diskusjes en eksperiminten en wy binne wer in stapke tichterby. Mar lykwols wykt de hoarisont fan it folslein begripen hieltyd fierder.

En as wy sokke problemen al hawwe mei it wêzen fan it meast ûndersochte chemyske elemint - silisium - hoe soene wy it dan net hawwe mei de folle mear komplisearre minsklike geast, dy't boppedat oanienwei beynfloede wurdt troch prikels fan bûtenút? En hoe soene wy de maatskippij trochsjen kinne, dy't bestiet út it opinoar yn wurkjen fan al dy yndividúen. Sa wurdt sels it foarsizzen fan de ekonomyske konjunktuer - in yn haadsaak troch psychologyske faktoaren beynfloede proses - in nuodlike, sis mar ûnmûglike saak!

Op dat stuit wurdt dúdlik dat de maatskiplike en politike problemen it bêste beneikommen wurde kinne troch iepenbiere diskusje. Dêrby mei dy net mear beskaat wurde troch gelearde deadwaanders, mar troch de earlike miening fan 'e meidoggers; elk wit by eintsjebeslút it bêste wat foar hìm wichtich is. It moat dúdlik wêze dat dêrmei de wittenskip net bûtensletten wurde mei; diskusje moat barre op grûn fan fêststelde feiten en ferbannen. Dêr kin de wittenskip grutte tsjinsten bewize, mar hja moat de feiten sa iepen en begryplik mûglik bringe, dat net neist de kennis fan de wittenskipper syn subjektive ideeën yn syn konklúzjes slûpe.

In machtich medium foar diskusjes en foar ferwurking en fersprieding fan 'e resultaten liket yn 'e neiste takomst it ynternet wurde te kinnen. Dêrneist is it lykwols needsaaklik dat regionale belangen en ideeën yn 'e praktyk brocht wurde kinne op regionaal en lokaal polityk nivo. Mei oare wurden: provinsjes en gemeenten moatte in grutte selsstannigens krije, alles ûnder it motto: In hegere oerheid moat net dwaan wat in legeren likegoed of better kin. Dêr binne dan tagelyk gâns swierrichheden mei op te fangen dy't har foardogge as gefolch fan it ferskaat.