As boerejonge fan
njoggentjin jier kaam ik foar oar wurk yn in
grutte yndustrystêd. Ik wie al earder tefiter
nommen troch in stedman, dat ik wie wol wat op
myn iepenst. Myn nije kollega's holden fan fiten
en yn it begjin wie ik gauris it slachtoffer. Mar
se wiene noait gemien en ik learde om mysels te
laitsjen. It wie in posityf plak mei meast jonge
minsken dy't nocht hiene oan har wurk yn it nije
fjild fan de elektroanika.
Doe't ik letter op oare plakken mei in minder
goed soasjaal klimaat telâne kaam, wie ik wapene
troch myn eardere ûnderfining en waard sa net
meisleept. Sa koe ik fertrouwen hâlde yn minsken
dy't dat wurdich wiene. Mar letter haw ik
ferskate minsken meimakke dy't alle fertrouwen
kwytrekke wiene, wat úteinlik ta har ûndergong
late.
Der is in apart ferskynsel dat immen dy earder
bedrage sil as't him wantrouwst as wannear'st him
fertroust. Dat makket dat pessimisme oer minsken
faak útkomt, en optimisme ek. No is it sa dat wy
tige ôfhinklik binne fan ús meiminsken, net
allinne foar materiële help mar noch mear foar
emoasjonele erkenning. It jout gewoanlik in goed
gefoel as immen seit datsto of dyn wurk har/him
oanstiet. Mei immen it minder lije dan is dat
aaklik, mar it beroerdste is noch wol as net ien
nei dy omsjocht.
Is men teloarsteld yn it libben dan komt men der
licht ta de minsken te mijen, mar sa begjinne
oaren jin ek te mijen. Op 'en doer kin soks
ûnferdraachlik wurde. Jou dêrom nije minsken yn
dyn fermidden altyd it foardiel fan 'e twivel.
Ornaris wurdt dat beleanne. PK |
|