Wurkgelegenheid sels brūke! Der
wurdt wolris klage oer "al dy
Hollanders" dy 't hjir foar master opslane.
Mar dat falt genōch ta: fierwei de measten
fersteane wol Frysk en der is gjin reden om jin
yn 'e bocht te wringen.
In oare saak is, dat in te sterke ynstream
skealik is foar alle ynwenners fan 'e provinsje.
Yn Fryslān en faaks wol yn it hiele noarden
liket it noch altyd gewoante om immen fan būten
heger oan te slaan as de eigen minsken. It
klearste gefolch is al, dat learlingen fan
noardlike skoallen minder goed oan wurk komme
kinne.
It is dus gjin wūnder dat der oanienwei oer
befoardering fan wurkgelegenheid praat wurdt en
provinsje en gemeenten tropje dźr ek hiel wat
jild yn. Dat betsjut dat de Fryske boargers flink
betelje foar wurkgelegenheid, dźr 't foar in
grut part ynkommelingen fan profitearje. No meie
wy bźst wat foar in oar oer hawwe, mar it liket
my net goed ta dat in dochs al efteroan kommend
part fan it lān ek noch foar de rest opdraait.
En dan hawwe wy it noch net iens oer de skea oan
miljeu en lānskip troch dy ekstra
wurkgelegenheid.
Oerheid en bedriuwslibben soene hjir wat oan
dwaan kinne, troch yn oerlis mei it ūnderwiis yn
Fryslān te kommen ta it op inoar oanpassen fan
wat it ūnderwiis ōflevert en wat it ferlet fan
'e regionale maatskippij is, fral ek yn liedende
posysjes. Dat stelt learlingen dan ek yn steat om
yn eigen provinsje in karriźre te plannen. Want
der wurdt dan wol sein dat stoere jonges der neat
om jouwe om yn 'e frjemdte te gean, mar ik kin
śt eigen ūnderfining sizze, dat dat wol in
bulte moaie dingen śt it libben weinimt. P.K.,
Nei boppen
Kweade dwergen en ālde reuzen
Fansels moatte dy ETA-moardners straft wurde.
Mar dźrmei is it probleem net oplost. Der wurdt
no wol moai fan demokrasy praat, mar leau mar dat
it Franco-rezjym dźr destiids in flinke
befolkingspolityk fierd hat. Wy krije net folle
ynformaasje, mar se hawwe grif it lān sa fol mei
Spanjoalen stoppe, dat in Baskyske mearderheid
ūnmūglik waard. Dat woe wol mei dy yndustry.
As bestrider fan Franco waard dy ETA oeral
priizge, mar de misdied fan Guernica is nea
goedmakke. Yn it nije Spanje stiene de Basken
noch mei de rźch tsjin 'e muorre. It is net goed
te praten, mar wol te begripen, dat dy ETA doe
mei syn terreur begūn. Troch de oerheid śtlokke
misdied neam ik dat. Dat Baskelān kin mar it
bźste fan Spanje losknipt wurde, mar Europa hat
sels būter op 'e holle.
Op Corsica is de ellinde begūn mei dat
Franryk dźr de planters delsette dy 't śt
Algerije ferdreaun wiene. En yn Noard-Ierlān
hawwe de Ingelsken al ieuwen lyn de protestanten
delset, dy 't se no altyd noch de hān boppe de
holle hālde. En dan dy Koerden yn Turkije: se
meie net iens bestean!
Yn 'e alle fjouwer gefallen giet it om grutte
lannen, dy 't lykwols in grut part fan har macht
kwytrekke binne. Dat kinne se net goed ferkropje
en it liket wol, dat dat op iene of oare wize
wreekt wurdt op 'e minderheden dy 't se noch yn
hannen hawwe. It dekolonisaasjeproses is gewoan
net goed ōfmakke. Der sit neat oars op, of de
grutske koppen fan Spanjoalen, Frānsken,
Ingelsken en Turken dy moatte būge. De Dśtskers
en Russen binne har foargien en ik tink dat dat
heilsum is. P.K.,
Nei boppen
De
polder-parasyt
Presidint Clinton priizget Nederlān fanwege
śs polder-ekonomy en de regearing is sa grutsk
as in brette hoanne. Mar yn feite is it mar in
raar spultsje wat se spylje. Flink besunigje op
kosten fan 'e earmsten, dat is it middel om
foaroan te kommen. Mar dźrby profitearje wy fan
Dśtsklān, dat sa wreed net is. Dźrom binne der
yn dat lān noch in protte klanten en dźr kinne
śs foardielige bedriuwen oan leverje. It gefolch
is: noch grutter wurkleazens yn Dśtsklān. Om
noch mar te swijen oer de earmere lannen. Sa
profitearje wy fan śs buorlju lykas de
Amerikanen fan Europa. Nederlān is in parasyt
wurden.
Mar pas op, as Dśtsklān ek begjint te
besunigjen. Dan falle dźr de klanten wei en har
bedriuwen kinne wer better konkurrearje. Dan falt
it hiele moaie poldermodel yn diggels.
Wurkleazens, yninoar stoarten fan 'e merk en mear
wurkleazens. En op syn slimst net allinne yn
Nederlān, mar yn 'e hiele wrāld. Dat komt fan
al dy parasiten.
Dźrom is it in goede saak dat it nije
Europa-ferdrach fan Amsterdam in sosjale
komponint kriget. Mar dat moat dan wol in goede
ynhāld krije. It moat tenei ūnmooglik makke
wurde, dat in lān yn in mindere
konkurrinsje-posysje komt troch syn goede sosjale
foarsjennings. Frije konkurrinsje tusken
bedriuwen is in goede saak, mar konkurrinsje
tusken lannen is in ramp!P.K.,
Nei boppen
Van
Thijn's tragyk
Elk jier om distiid ferskynt Ed van Thijn yn
in deadebetinking op 'e TV. Elk jier wer
begruttet it my om dy man: hoefolle famylje hat
er wol net yn 'e Nazi-gaskeamers ferlern. En ik
bin it mei him iens dat dy boalen yn Bosniė pakt
wurde moatte. Mar dan ferjit er presidint
Milosjevitsj yn Belgrado, dy 't śt eigenbelang
de lont yn it krūtfet Joegoslaviė smiten hat.
En hy ferjit it span Kohl-Genscher, dy 't śt
dommens en eigenbelang yn 'e saak omrierden troch
Kroatiė te erkennen.
En dan tink ik oan dyselde van Thijn as
minister, dy 't syn ālde stalke Hans Wiegel as
kommissaris beneamde, tsjin de dśdlike foarkar
fan Provinsjale Steaten yn. It is goed beteard,
mar it wie in nuodlike set, dy 't bewiist dat it
kwea ek yn van Thijn syn holle sit.
Lang haw ik my op 4 maaie skurf fielt, om't ik
it gefoel hie dat wy Friezen as meiskuldich
beskōge waarden. No is dat oer, mar ik fiel my
noch oansprutsen op it wurd
"nasjonaal". Ik bin lid fan in partij
fan dy namme en dat is in prima klub mei in iepen
each foar de belangen fan oaren.
Dochs kin ik my yntinke dat minsken as fan
Thijn soks mei in skalk each beskōgje, om 't se
dźr it spoek fan nasjonalisme yn sjogge. Hy soe
ris mei śs prate moatte om śt te finen wźr 't
de grins fan it kwea leit. Faaks kinne wy inoar
dan de hān jaan en fielt de hear van Thijn him
treast en minder allinne, as er ynsjocht dat it
kwea net leit yn dizenige ideologyen, mar yn 'e
geast fan elke minske. P.K.,
Nei boppen
De
nutteleazen
Eartiids waard in fersoarge ālde dei sjoen as
it fertsjinne lean foar in wurksum libben. Mar
wa't net oan 't syn santichste yn it harnas
stiet, telt tsjintwurdich net mear mei. Wat noch
mear is: it moat ek noch tsjin ferlege lean. Dan
fielt men jin dochs hast skuldich om fan AOW of
pinsjoen te profitearjen? Dat besef bedjert it
libben fan hiel wat ālderein en fansels noch
folle mear fan jonge wurkleazen. Der sille dan ek
grif minsken om dy reden in ein oan har libben
makke hawwe.
Mar miskien is dat wol krekt wat de
hearskjende elite wol. Miskien tinke se wol fan:
lit śs dy nutteleazen mar de dea yn prate. Wat
kinne wy dan net besparje op ferpleging en
medyske soarch. Tagelyk binne wy dan de measte
boeven ek kwyt, dus gjin ferlet mear fan plysje
en finzenissen. En dan dy bern! Chriet Titulaer
hat al sein dat 75% fan har aanst gjin wurk
krijt. Dy hoege dus net nei skoalle en se kinne
moai boartsje salang as se net wyld wurde. Wat in
besparrings by it ūnderwiis!
As wy al dy lźsten kwyt binne, kinne wy prima
konkurrearje mei it būtenlān. Spitigernōch
sille se dźr it keunstke dan ek wol ūntdutsen
hawwe, want se sille wol net méar kristlik,
mohammedaansk, hindoeļstysk of gewoan minsklik
fetsoen yn 'e hūd hawwe as dit lān. Dźrom
wurdt it mei dy konkurrinsje dochs neat en sa
komme stadichoan alle wurkers en direkteuren op
'e strjitte te stean en ferdwine śt it libben.
Op 't lźst is allinne de keninginne noch mar
oer. En wat moat dy sūnder ūnderdienen? Op in
moaie dei jout se harsels in spuitsje. Op 'e
paleisleane suchtet in iikhoarntsje:
"Einlings rźst!"P.K.,
Nei boppen
Polityk
kafee
Op 3 april wiene myn frou en ik yn it
"Polityk kafee" fan 'e VVD. Wy hiene
dźr nochal hege ferwachtings fan: Willem Verf
fan Grien links yn debat nei v. Klaveren fan 'e
VVD. Mar it foel raar ōf: beide hearen praten
sawat deselde taal en it bleau oerflakkich. De
driigjende ūndergong fan dizze maatskippij kaam
kwealik oan 'e oarder en sa gau mūglik waard wer
oergien ta de oarder fan 'e dei.
Dit hat my allinne mar yn myn miening
besterke, dat politike partijen net mear de
ynstituten binne dźr 't oer polityk op langere
termyn praat wurde kin. It is dźrom ek gjin
wūnder, dat de minsken gjin ynteresse mear yn 'e
polityk hawwe. It liket wol oft alles mar bart,
sūnder dat wy der ynfloed op śtoefenje kinne.
Miskien hawwe de politisy dźrom wol gelyk, as se
de kop yn it sān stekke!
Nei boppen
Provinsjale
Bibleteek
It andert fan 'e direkteur fan 'e PB - de hear
van den Broek (LC 11 maart) - hat my allinne mar
besterke yn myn miening, dat de provinsje op 'e
ferkearde wei is mei it śt hannen jaan fan dy
bibleteek. It giet hjir net allinne oer it
ōfstjitten fan taken, mar ek oer it weijaan fan
mienskiplik besit, Jowes en mines dus.
Neffens de hear van den Broek hat de kwaliteit
fan 'e bibleteek oan 't no altyd al de
ferantwurdlikens fan 'e direksje west en hat de
boarger nea ynfloed hān. Dat wol dus sizze dat
de provinsje net ien kear hoegde yn te gripen.
Mar by in goede direksje sprekt dat fansels: dy
soarget wol dat er binnen it ramt fan syn
opdracht bliuwt.
In nije opdrachtjouwer kin dus in oare koerts
jaan en om't it in stifting is, kin dy koerts ek
wolris yn striid komme mei it algemiene Fryske
belang. Dan kin sels de direksje wolris minder
frijheid krije as no. Dźrom reitsje ik der
hieltyd mear fan oertsjūge dat it behāld čn de
ūntwikkeling fan 'e PB it bźste tsjinne binne
mei in rjocht fan binende ynspraak fan 'e
provinsje. As it goed giet, hoecht fan dat rjocht
ommers nea gebrūk makke te wurden.P.K.,
Nei boppen
PROVINSJALE BIBLETEEK WER YN GEFAAR?
P. Kramer
amateur-taalkundige
In nij gefaar liket de Provinsjale Bibleteek
te bedriigjen. Koartlyn is nei breed protest śt
'e gelearde wrāld yn en būten Fryslān
ferhindere dat de PB gearfoege waard mei de
bibleteken fan it Heger Beropsūnderwiis yn
Fryslān. No driget troch in efterdoarke wer soks
te barren.
Yn it kader fan 'e privatisearring wolle
Provinsjale Steaten ōf fan 'e bibleteektaak, dy
't de provinsje yn 1844 op har nommen hie. De PB
wurdt no ūnderbrocht yn in stifting, dźr 't de
provinsje wol oan betellet, mar fierders gjin
ynfloed mear op śtoefenje kin. It bestjoer wurdt
foaral socht yn it fermidden fan datselde Hegere
Beropsūnderwiis. Dźrby wurdt ūnfoldwaande
rekken holden mei it twaliddige karakter fan 'e
bibleteek.
De Provinsjale Bibleteek te Ljouwert befettet
in unike en hast folsleine samling boeken en
hānskriften oer Fryslān en it Frysk. Op dat
gebiet is de PB sūnder mis as in wittenskiplike
bibleteek te beskōgjen. Nearne oars is sa'n
samling boeken oanwźzich. Tagelyk is de PB ek op
oare fjilden fan wittenskip śtboud ta in
behoarlik nivo en it is fral dat part wat foar it
Heger Beropsūnderwiis fan belang is. Dat part is
dźr grif ek yn goede hannen, mar it is it Fryske
stik dźr 't wy śs soargen oer meitsje moatte.
De PB is yn 1844 oprjochte op basis fan 'e
bibleteek fan 'e eardere Frjentsjerter akademy
(1585-1813) en it dźrop folgjende Ryksatheneum.
Dźr nei waard de kolleksje noch tige śtwreide
troch grutte skinkings, b.g. fan 'e boeken en
hānskriften fan Joast Halbertsma. Tagelyk waard
yn twafāld alles oankocht wat oer Fryslān
ferskynde. In bysūndere oanwinst kaam yn 1922,
doe 't mei help fan partikulieren genōch jild
byinoar brocht waard om de kolleksje Von
Richthofen oan te keapjen, in unike samling fan
tsien Fryske hānskriften śt 'e midsieuwen.
No bin ik benaud, dat in bestjoer śt 'e net
rūnte fan it HBU samar dy hānskriften weidwaan
soe, mar ik kin wy wol yntinke, dat se in kear
regaad meitsje yn al dy dūbele of trijedūbele
eksimplaren. Dat soe dan betsjutte dat sokke
boeken allinne mar mear yn 'e bibleteek ynsjoen
wurde kinne en boppedat mear te lijen hawwe.
Dźrby komt, dat yn guon boeken wichtige
opmerkings fan 'e eardere eigners steane. Yn elk
gefal sit it deryn, dat de PB foar de beoefeners
fan 'e Fryske taal en skiednis yn 'e takomst
minder biede kin.
In oare saak is de spesifike deskundigens: wat
moat oankocht wurde op it mźd fan taalkunde, wat
is de betsjutting fan guon hānskriften, en sa
fuorthinne. Sa haw ik koartlyn yn in Dśtse
gymnasiumbibleteek belutsen west by de
ūntdekking fan in wichtich 150 jier āld
hānskrift, dat dźr grif beskōge is as de tekst
fan in al lang ferskynd boek. Troch dat
misferstān hat de wittenskip dy gegevens oardel
ieu misse moatten en fansels rint sa'n hānskrift
dan ek ekstra risiko. Fan goede begelieding fan
brūkers op dat terrein is yn sa'n gefal fansels
alhiel gjin sprake mear.
Privatisearring is op himsels faak in goede
saak, mar dan moat wol rekken holden wurde mei it
doel fan 'e behearende ynstānsjes. It Heger
Beropsūnderwiis hat fral belang by in algemiene
bibleteek op behoarlik nivo. In bestjoer śt dy
rūnten sil dat belang altyd foargean litte en yn
krisissitewaasjes sil de Fryske komponint
ūnūntkomber yn 'e knipe komme.
No is it by de tsjintwurdige tastān fan 'e
wurkgelegenheid tige begryplik dat it
beropsūnderwiis op 'e foargrūn stiet, mar dźr
kin yn 'e takomst wolris hiel oars oer tocht
wurde. Tink allinne mar oan 'e tsjintwurdige
opkomst fan kultuerfakānsjes yn Fryslān. Dan
kin histoaryske en taalkundige eftergrūn wolris
ūnmisber wurde.
It is dźrom fan grut belang, dat de Fryske
wittenskip neist it Heger Beropsūnderwiis in
wichtige stim kriget yn it bestjoer fan dy
privatisearre Provinsjale Bibleteek. Yn it stik
fan saken fan dy Fryske samlingen en de dźrby
hearrende deskundige stźf sil hja sels in
trochslachjaande stim hawwe moatte.
Likegoed bliuwt it noch de fraach oft it wol
sa ferstannich is, dat Provinsjale Steaten it
heft folslein śt hannen jouwe, sūnder de minste
mūglikheid om yn gefal fan need yn te gripen. De
oan har yn it belang fan Fryske en oare stśdzjes
tabetroude partikuliere boekesamlingen meie dochs
net samar śt hannen jūn wurde. Ek mūglike
takomstige skinkers sille dan foarsichtiger
wurde, wat de kwaliteit fan 'e bibleteek allinne
mar skea dwaan kin.
Der is dźrom alle reden om dochs noch in
feilichheidsklep oan te bringen, no 't it noch
kin. Dat is foar oare saken ek better; der soe
ris in prof. Fortuyn yn it bestjoer komme
kinne!P.K.,
Nei boppen
Bagger
en Apotheker
De provinsje sit raar tangele mei de smoarge
bagger. Fral it fertinjen fan smoarge grūn is in
kwealike saak. Om dźr no in pear deputearren
foar op te offerjen liket moai, mar it sit
djipper. De oarsaak is, dat in goede organisaasje
himsels net string kontrolearje kin. Dat komt
troch de bannen fan kollegialiteit binnen sa'n
organisaasje.
De kontrōle moat dźrom fan būten komme. Yn
ienfāldiger tiden wiene de Prosinsjale Steaten
dźr goed foar, mar sokke miljeusaken binne dźr
blykber te yngewikkeld ta. Provinsjale Steaten
moatte dźrom de rūmte krije, op dit gebiet sels
spesjalisten oan it wurk te setten.
In oare stikel yn 'e pels fan 'e provinsje is
boargemaster Apotheker fan Ljouwert. In man fan
grutte kapasiteiten, mar hy komt der te
ūnbehouwen mei oan. No 't it beslśt fan
net-anneksearje fallen is, moat er him as beneamd
amtner deljaan ūnder it beslśt fan 'e keazen
bestjoerders. Dat dy dźrby rekken holden hawwe
mei de kiezersgeunst is yn in demokrasy hiel
normaal en goed.
It giet der no om, de goede ferhāldings mei
de buorgemeenten wer op te pakken. It derby
slepen fan 'e steatssekretaris om dochs noch
gelyk te krijen, kin de ferhāldings yn Fryslān
allinne mar fierder bedjerre. Soks tekent net de
magistrale bestjoerder dy 't wy sa graach yn
boargemaster sjen wolle. Hy moat mar wat mear
Frysk prate - dat kin er śt 'e pin! - dan komt
it noch wol wer goed.P.K.,
Nei boppen
FRYSKE
DEMOKRASY
De provinsje wol feestfiere oer de ūndergong
fan de Fryske demokrasy yn 1498. No wie dat
fansels gjin "echte" demokrasy, want it
wiene sa 't it liket fral de riken dy 't stim
hiene. Mar wat dat oangiet is śs Nederlānske
demokrasy op 't heden ek net sa "echt"
mear.
Dochs hat demokrasy grutte foardielen boppe
diktatuer en chaos, dat hawwe wy yn Joegoslaviė
sjen kinnen. Sūnder demokrasy fjochtsje de
machtigen harren konflikten śt op kosten fan de
boargers, wylst yn in demokrasy de saken
teminsten noch yn oerlis regele wurde. En as wy
de grutte mannichte fan Aldfryske wetten
beskōgje, dan moatte wy hast wol beslute dat dy
demokrasy doe alteast yn beskate perioaden frij
goed funksjonearre hat.
It soe foar it libben fan hjoeddedei wolris
fan grut belang wźze kinne om nei te gean hoe 't
sa 'n demokrasy ūndergean koe. It liket derop
dat Fryslān yn dy tiid relatyf earmer waard.
Faaks krigen būtenlānske machten dźrtroch
automatysk gruttere ynfloed en hollen se sa de
demokrasy śt. En is dat net te fergelykjen mei
de treurige tastān fan 'e demokrasy yn hast alle
earme lannen fan dizze ierde fan no?
Der is dźrom alle reden om dat
"feest" oan te gripen foar in yngeande
histoaryske stśdzje. Dźr soene wy allegearre
wolris flink nut fan hawwe kinne.
Nei boppen
Hegere
machten
Yn śs eardere wenplak krigen wy de krante in
dei letter. It is is my doe meardere kearen
oerkommen, dat ik jūns in stikje skreau en dan
stie de oare moarns in haadartikel yn 'e krante
oer itselde ūnderwurp en faak yn deselde teneur.
Tūzenen minsken sille sa 'n haadartikel de
foarige jūns lźzen hawwe en har tinken moat my
dan op de iene of oare wize berikt hawwe. Dat hat
my derta brocht te leauwen, dat der grif wol
dingen binne dy 't har ūntlūke oan 'e
hjoeddeiske wittenskiplike bewiisfiering.
Guon minsken prate mei grut ūntsach oer sokke
"boppenatuerlike erfarings" en litte
har der alhiel troch beynfloedzje. Dat kin
fansels tige gefaarlik wźze, want in artikel
laden mei haat soe op sa 'n wize immen ta
negative gedachten bringe kinne. Tink mar oan 'e
moardner fan Rabin ferline jier, dy 't sei yn
Gods opdracht te hanneljen. En dat wie net de
earste moard dy 't op sa 'n menier ta stān
kommen is.
No wol ik net beweare, dat sokke erfarings
altyd troch "śtstjoerings" fan oare
minsken feroarsake wurde, mar ik tink dat der
gjin hurde kritearia binne om fźst te stellen of
dat al of net sa is. Dat betsjut dat dy
"boppenatuerlike erfarings" tige
kritysk besjoen wurde moatte. As se mei śs
ferstān en śs opfettings fan meiminsklikens yn
oerienstimming te bringen binne, dan kinne wy der
grif wolris foardiel fan hawwe. Mar as dat net sa
is, ferjit se dan mar. Dźrmei wapenje wy śs dan
tagelyk tsjin bedroch op dit gebiet en tsjin
oerhearsking troch oaren. P.K.,
Nei boppen
Trou
foar it libben
Dat stiet sawat yn 'e formule by it sluten fan
in houlik, mar yn 'e praktyk mislearret 30% fan
'e houliken en dan giet it faak hiel oars. Grutte
konflikten ferskuorre it eardere pear en fral de
bern wurde it slachtoffer. It is net foar neat
dat in grut part fan 'e misdiedigers ōfkomstich
is śt ferskuorde houliken. In grut lźst is ek
it hinderlik folgjen fan de eardere oare
helte.regelje en rekken hālde mei Mar it kin ek
oars. Man en frou kinne it be-einigjen fan it
houlik ek oarderlik de belangen fan inoar en fan
de bern. Sokke bern hawwe dan folle bettere
kānsen. It is fansels tige spitich dat in houlik
mislearret, mar as it der wier-wier net yn sit,
dan kin dat mar better tajūn wurde. Fan skuld
kin dan lang altyd net sprutsen wurde, as beide
inoar nei it houlik ek mar goed behannelje.
De formule foar it sluten fan in houlik soe
dit ek neame kinne. It pear soe inoar ek trou
tasizze moatte foar it gefal dat it houlik
mislearret. Dat is dan net mear de klassike
houlikstrou, mar wol saaklike en meiminsklike
trou. Dat sil net altyd like maklik wźze, mar it
is goed om it yn it begjin fźst te lizzen. Dat
kin dan tagelyk it pear fan al te hege
ferwachtings ōfhelpe. Ek guon dy 't allinne mar
byinoar wenje soene in soartgelyk kontrakt slute
kinne.P.K.,
Nei boppen
De
tsjerke moat iepen
De tsjerken wolle meiinoar op wei. Mar faaks
soene se ek besykje moatte om mei de wrāld op
'en paad te gean. Dy wrāld liket ūnkristlik,
mar sa is it net. De wrāld is earder
anti-kristlik of faaks better anti-tsjerklik.
Like ūnberoaid as de tsjerke alle genot ferbea,
sa wurdt dat no yn 'e wrāld neijage. Sa is de
wrāld noch mei tūzen triedden oan 'e
godstsjinst ferbūn, mar hat der op dy menier
mear skea fan as nut.
De moderne minske is hiel oars as syn ālden.
De sterk feroarjende maatskippij hat him leard te
freegjen nei it "wźrņm". Dan docht
foar in hielebulte minsken bliken, dat bibel en
leare net bestand binne tsjin de moderne logika.
It past net mear, mar de tsjerke kin blykber net
folgje. Men soe sizze kinne, dat de tsjerke de
moderne minske yn'e steek litten hat. Mar dat wol
net sizze, dat alle leauwe yn 'e moderne minske
śtblust is.
Op dy sitewaasje soe de tsjerke ynspylje
kinne. Hja draacht in boadskip fan grutte wearde,
wat de wrāld treast en ljocht bringe kin. No is
de tsjerke faak net mear as in muorre om de
leafde fan God. Mar al te inkeld skynt it ljocht
troch de finsters nei būten. Mar dan moat de
tsjerke wol begripe, dat hiel wat fan syn leare
foar de moderne minske diskutabel is; de bibel is
foar him faak net mear as in ferāldere
ensyklopedy, dy 't syn eigen boadskip
fertsjusteret.
Der mei ek wol efkes betocht wurde, dat de
tsjerken yn 'e rin fan 'e ieuwen hiel wat
misdieden tsjin it minskdom begien hawwe, dźr 't
taaldiskriminaasje noch mar de minste fan is. It
is dus net maklik! Mar dochs soe it spitich wźze
as safolle ljocht, hope en ferwachting yn 'e
mealstream fan minsklike ūnfolsleinens
weiwaard.P.K.,
Nei boppen
TERRORISME
De Amerikanen wolle it terrorisme
ynternasjonaal bestride. Dat is in goede saak,
mar tagelyk soe ek ris nei de eftergrūnen fan
dat terrorisme sjoen wurde moatte. Yn alle
gefallen giet it oer befolkingsgroepen dy 't tige
min behannele binne. Tige dśdlik komt dat nei
foaren yn Noard-Ierlān, dźr 't de IRA-hel earst
losbriek, nei 't Ingelske soldaten skeaten op in
freedsume roomske demon straasje.
En dochs liket krekt yn dat gefal it probleem
maklik oplosber, as roomsken en protestanten mar
net de gelegenheid jūn wurdt om inoar te
oerhearskjen. Koartlyn hat it Ingelske regear in
kostbere perioade fan frede foarbygean litten.
Dźr sil nasjonale grutskens grif in rol by spile
hawwe. Itselde spilet yn Spanje, dźr 't de frede
tige befoardere wurde soe troch rekken te hālden
mei Baskyske eangst foar kulturele ūndergong. En
it is Turkse grutskens en āld fertriet om it
ferlerne wrāldryk, dat makket dat de Koerden net
bestean meie.
Yn al dy gefallen wolle de terroristen noch
prate. Hiel oars is dat yn Israėl, dźr 't de
Palestynske en Joadske terroristen beide de
oerwinning hoopje te beheljen, want beide tinke
se śtferkeazen te wźzen. Sa koene se sels de
fredesregearing fan Perez ta fal bringe. Wat in
bloed en triennen stiet dat lān te wachtsjen!
Terrorisme is slim te bestriden en hielendal
net as it om selsmoard-aksjes giet. De kennis fan
eksplosiven is ommers wiid ferspraat en stiet
grif ek wol op Ynternet. Al dy nasjonale
regearingen moatte dźrom mar twongen wurde har
grutskens op te jaan. It bźste middel tsjin
terrorisme is it tefoaren kommen fan
diskriminaasje fan minderheden, ek autochtoane.
It twad-bźste is it iepentlik tajaan fan begiene
fouten en dan dźr ek neffens hanneljen. Mar mei
dat tajaan is sels Nederlān net botte
rynsk.Ljouwerter Krante, P.K.,
Nei boppen
Frysk
feest?
De provinsje Fryslān hat 500 jier bestien en
no wolle feestfiere. Mar wy wy meie fantefoaren
wol efkes betinke, wąt wy fiere. Op 't heden is
Nederlān flink op wei om in goed lān foar de
Friezen te wurden, mar dat hat wolris oars west.
Yn myn jeugd wie in Fryskprater net in turf
heech! Dat begūn daliks al doe't yn 1498 de
greve fan Saksen syn Brabānske amtners hjir
binnen brocht. Sūnt dy tiid ha se śs altyd
būge litten.
Mar fantefoaren hiene wy it frije Fryslān en
dat wie de lźste tiid ek net alles. Prof.
Meijering hat it alris fergelike mei de
sitewaasje yn Libanon en dźr soe men no Bosniė
by neame kinne. In minskelibben hie yn dy tiid
net folle te betsjutten. Dus gjin wūnder dat śs
foarfaars tankber wiene dat se dźrfan ferlost
wiene. Spitich dat wy noch altyd miene dat wy
dźrom yn it stof būge moatte.
Yn 1498 barde noch wat oars. Feitlik waard in
yn prinsipe demokratysk systeem ferfongen troch
in yn prinsipe autoritźr systeem. Dy Fryske
demokrasy wie fier fan ideaal, mar op papier of
perkamint stiene de rjochten goed beskreaun en se
sille grif ek wolris ta tefredenens śtfierd
wźze. Oars soene der no gjin tsientallen
hānskriften fan oerbleaun wźze.
Der is by myn witten noch nea goed ūndersocht
wźrom 't dat demokratyske systeem ynstoarte, mar
wy hoege mar oan 'e tritiger jierren te tinken om
te begripen dat soks mear foarkomt. Wat dat
oangiet, kinne wy 1498 fergelykje mei 1940, doe't
gāns Nederlanners fan de Dśtske besetters ek in
bettere takomst ferwachten. En faaks wie de gok
fan 1498 better as dy fan 1940, mar ferjit net,
dat wy tsjin de opfolgers fan dy greve fan Saksen
letter ek noch 80 jier oarloch fiere moasten!
It feest "500 jier Fryslān" kin dus
gjin feest fan inkeld freugde wurde.
Nei boppen
ACHTKAARTSPELEN
Sa haw ik lang tocht, dat de gemeente hiet,
dźr 't se lźsten sa 'n getsier oer de
plaknammen hiene. Mar dat is net sa; it
Nederlānske wurd 'kerspel', Dśtsk 'Kirchspiel'
sit der yn. Einlings betsjut it 'tsjerk-spel', it
gebiet dźr 't de ferkundiging fan 'e tsjerke
jildt. Dat 'spel' sit ek yn 'gospel'.
Hjirmei is wol dśdlik, dat dy gemeente alhiel
net in Fryske namme hat. It soe wat mei 'Tsjer-'
wźze moatte. En wier fine wy al yn it traktaat
fan 'e sān Fryske Seelannen fan miskien 1323:
"Achtzespel ende Colmerland."
In Fryske namme fan 'e gemeente soe dus wźze
moatte "ACHTTSJERSPEL".
Dan is daliks dśdlik wat de namme betsjut en
wy hawwe tagelyk in oantinken oan it ālde bisdom
Munster. Want dźr yn it Fryske Sealterlān is it
wurd as "Sespel",
"Sespelterp" (tsjerkedoarp) noch goed
bekend. En as dy Achtsjerspelers har eigen namme
wer hawwe, dan wurde se faaks ek wat nueter.
Nei boppen
It
preekjen fan haat
Jierren lyn wiene wy ris op Kreta. Wy hiene in
goede gids - in skoaljuffer - mar by elke
gelegenheid wiisde se op 'e misdieden fan 'e
Turken: dat kleaster śtmoarde, dat doarp
ferbaarnd, dźr de lźste bosken śtroege en al
sa mear. Mar dat gie wol oer saken fan mear as
hūndert jier lyn! Om sokke redenen sille de
Moslims fan Bosniė ek boetsje moatten hawwe foar
ieuwenālde misdieden fan 'e Turken. It is dit
preekjen fan haat, it ūntminsklikjen fan 'e
tsjinstanner, dat sels yn śs tiid skriklike
wreedheden mūglik makket. En it is op dy grūn
dat it preekjen fan haat troch ekstreem-rjochts
feroardiele wurde moat.
Mar wy moatte ek fierder sjen. Sels haw ik my
op oar terrein wolris oan sok preekjen skuldich
makke en ik wit wat de djippere grūn is. Yn
feite is dat preekjen fan haat neat as lūd razen
foar earen dy 't net harkje wolle. Wat moat in
earme wurkleaze wol net tinke as er mient dat
būtenlānske gelokssikers op brutale wize binnen
komme kinne en dan op alle mūglike wizen
fersoarge wurde? Wat moat er mei grutske
flechtlingen dy 't yn har rike ferline folle mear
lśkse hān hawwe as him ea barre mocht?
Sokke dingen moatte bepraat wurde kinne. Yn
Joego-Slaviė binne se ūnderdrukt en koene sa op
in gefaarlike wize ūndergrūnsk fierder
wreidzje. Ik tink dźrom dat de maatskippij ta in
iepen debat mei ekstreem-rjochts komme moat,
sūnder dat fan tefoaren fźst stiet wat de
śtkomst is. Diskriminaasje fan dejingen dy't al
opnommen binne, is dźrby fansels ūnbesprekber.
En miskien kinne der noch wol tsien kear safolle
by, mar dan moat de mearderheid fan 'e befolking
it der wol wier mei iens wźze. Oars komme der
ier of let problemen fan.P.K.,
Nei boppen
Noch ienkear liberaal!
De takomst liket prima foar it liberalisme.
Troch de automatisearring is der hieltyd minder
ferlet fan personiel. Dźrtroch binne der
tsjintwurdich minskjen genōch te krijen en de
bedriuwen kinne mar śtsykje. De ynfloed fan de
fakbūnen wurdt hieltyd lytser en de ūndernimmer
is eindlik frij.
No soe it de tiid fan 'e grutte wolfeart wurde
moatte. Grutte protte lśkse artikels komme
beskikber foar in hieltyd legere priis. Der kinne
maklik auto's en huzen en TV's en boaten makke
wurde om elk twa te jaan. Mar it wol net; der
heakket wat. En de ekologyske konsekwinsjes lige
der ek net om. Wy wolle leaver sūnder gasmasker
būtendoar kinne!
Dźrom hingje der hingje tsjustere wolkens
boppe ūndernimmerslān! Al dy minsken sūnder
wurk meitsje har lźste jild op. En dan kinne se
neat mear keapje. In hielebulte middenstanners
kinne dat no al fernimme. Dat jout wer mear
ūntslaggen en in wer lytsere merk. Dat wurket
fansels troch oer de hiele wrāld en dan sakket
aanst de eksport ek yn. Dan binne de
ūndernimmers like earm as har klanten en hat it
liberalisme syn doel ferlern.
Dit liket itselde byld as dat yn e tritiger
jierren. Mar deer binne grutte ferskillen. De
automatisearring jaget it proses no oanienwei
oan. En troch de folle sterkere wrāldhannel
kinne de lannen gjinselsstannige ekonomyske
polityk mear fiere. De wrāldmerk is net langer
in ūneinige taart, dźr 't men in stikje
ōfpakke kin. It binne krekt de besparrings fan
de ūndernimmers dy't dy taart oantaaste.
As śtwei soene de ūndernimmers ta in
wrāldwiid merkbehear komme moatte. Se soene yn
har eigen belang sosjale programma's yn har
lannen befoarderje moatte. Mar sjogge dy
yndividualisten it dźr iens oer wurden. Se dūke
leaver mei syn allen yn beppe kelder! P.K.,
Nei boppen
De ūndergong fan it sosjalisme
De automatisearring nimt śs hieltyd mear wurk
śt hannen. As gefolch dźrfan is der hieltyd
minder ferlet fan minsken. Dźrtroch komt der
hieltyd mear wurkleazens.De polityk wol dźr
graach wat oan dwaan. Dźrom besiket elke
gemeente en provinsje om bedriuwen oan te lūken.
En de pearse regearing ūnder Kok besiket it foar
sokke bedriuwen oantreklik te meitsjen troch de
lźsten te ferleegjen. Dat moat fansels wol
betelle wurde en dźrom wurdt op alle mūglike
śtkearings besunige. Yn feite fielt de PvdA dźr
net foar, mar it giet ommers foar it goede doel
fan mear wurkgelegenheid.
As dy wurkgelegenheid der net komt, dan krije
de minsken der genōch fan en stimme se op GL of
SP. Dy wolle mear rekken hālde mei de swaksten
en sille dan de śtkearings wer ferheegje. Dat
betsjut mear lźsten foar de bedriuwen en dy
geane dan nei foardieliger lannen. Dan wurde wy
noch earmer.
It is dźrmei dśdlik, dat it sosjalisme gjin
poat mear hat om op te stean. De bedoeling bliuwt
goed, mar se kinne gjin fūst mear meitsje. Dat
soe allinne kinne as se de oer de grinzen de
hannen yninoar sloegen ta in sosjale
wrāldpolityk. mar dat wurde se dochs nea iens.
It liket der dus op dat it sosjalisme ōfdien
hat. Dat wurdt in ramp foar de śtkearingslūkers
en foar noch folle mear. P.K.,
Nei boppen
[Dit is 70% fan \ynst_fr2.wpd]
Werom nei: frysk.htm
|