Kompjūter-weetsjes

1. Fryske kompjūter-termen: http://www.fryskebeweging.nl/kompjtr.htm

2. Eftergrūn by skennen - (HP Scanjet 4100C)

De earste kar foar opslaan yn it skenprogram (HP PrecisionScan LT) is Bitmapbestand (*.bmp) [foto1]. Dźr binne grimeltsjes te sjen yn'e eftergrūn, dy't op 'e echte foto effen is. Ik tink dat it rūs fan+ it systeem is.
Letter kompresje neffens JPEG ferhelpt dat net [2].

In wol folle moaier byld ūntstiet troch opslaan neffens JPEG (*.jpg) [foto 3], wat dan ek wer fierder komprimearre wurde kin [4]. Opslaan neffens GIF helpt wer net [5]. JPEG is grif sa yntelligint dat it de rūs ferrekkent.

 

1
2
3
4
5
Opslein as *.bmp
39kB
Idem komprimearre JPEG level 70
6kB
Opslein as JPEG mei hege byldkwaliteit
11kB
Idem komprimearre JPEG level 40
6kB
Opslein as GIF
17kB

Foar it skennen is in normale fotofdruk mat brūkt, mar glźd jout deselde ferskynsels en it bart ek op wyt papier.
JPEG-kompresje (*.jpg) is dien neffens YUV24 yn PhotoStyler 2.0 fan Aldus. Opslaan mei legere byldkwaliteit yn PrecisionScan jout oanmerklik minder goed resultaat.

Hiele foto besjen? (oerienkomstich 4, mar noch in bytsje ljochter makke).

3. Kompresje fan donkere details.
By it skennen kinne de bylden faak opslein wurde mei meardere (byld a) of mindere (c) byldkwaliteit. Yn it lźste gefal wurdt komprimearre. Kompresje fan byldbestannen makket ū.m. gebrūk fan it feit dat wy de details yn ljochte en donkere gebieten dochs net goed sjen kinne en krekt dy gebieten wurde dus tige ferfoarme, wat yn c goed te sjen is.

a. Skend mei heechste byldkwaliteit

orig. 79kB

b. Idem mei +40% helderens en kontrast en komprimearre JPEG level 99
6kB
c. Skend mei leechste byldkwaliteit

5kB

d. Idem mei +40% helderens en kontrast en komprimearre JPEG level 99
5kB

Giet it śs no krekt om dy donkere gebieten (b.g. by in tsjinljocht-opname) dan kinne wy better earst helderens en kontrast oanpasse mei in byldbewurkings-program (b.g. Photo Styler of Paint Shop) en dan mei kompresje opslaan (byld b). Oanpassen fan helderens en kontrast nei de kompresje wurket net goed (d).

Sjoch ek http://www.jasc.com/tutorials/revised/optimizing.asp