Ljochtkrante

Sa'n moaie rinnende tekst ûnder yn 'e statusbalke sjocht der professioneel út.

Dus socht ik om ynformaasje en dat fûn ik al gau yn Handleiding HTML - Berichten in de statusbalk

Dêr kin in koade ophelle wurde, mar dochs haw ik der hiel wat muoite mei hân en op't lêst die bliken, dat FrontPage Express dy koade by it opslaan bedjert. De oplossing is dêrom om it te dwaan mei Kladblok, de lytse by Windows levere tekstferwurker.

Om it noch wat makliker te meitsjen haw ik de koade ferienfâldige en yn twa parten spjalte: fryskhead.txt en fryskbody.txt. De gong fan saken is no sa, dat de betreffende side earst op'e gewoane wize yn FrontPage Express oanmakke wurdt, yn dit gefal ljochtkrante.htm, mei noch in reservekopy (ljochtkrante2.htm).

Start no Kladbok en lês fryskhead.txt yn (Bestand/Openen). Doch Bewerken/Allles selecteren en Bewerken/Kopiëren. Start dêrneist in twadde Kladblok en lês dêr ljochtkrante.htm yn. Set no de wizer (cursor) boppe yn 'e tekst nei <head> en doch bewerken/plakken.
Lês no yn'e earste Kladbok
fryskbody.txt yn en doch wer Bewerken/Allles selecteren en Bewerken/Kopiëren. Set no de wizer yn ljochtkrante.htm ûnderoan yn'e tekst foar </body> en doch wer bewerken/plakken. Slach no ljochtkrante.htm op (Bestand/Opslaan) en de saak is klear.

It sa makke bestân kin op'e gewoane wize opstart wurde (b.g. troch derop te klikken yn Verkenner) en dan moat de ljochtkrante it dwaan, krekt lykas by dit bestân. Fansels kin de te toanen tekst mei Kladblok feroare wurde yn fryskhead.txt en it is ferstannich om dan in nije bestânsnamme te kiezen.

As der yn ljochtkrante.htm feroarings oanbrocht wurde moatte mei FrontPage Express, dan moat útgien wurde fan de 'skjinne' kopy ljochtkrante2.htm, dêr't dan neitiid fryskhead.txt en fryskbody.txt wer op 'e boppe beskreaune wize yn oanbrocht wurde.

Dellade: Klik op fryskhead.txt en fryskbody.txt mei de rjochter mûstoets yntreaun en jou oan wêr't se komme moatte.