Sykmasines en spamming
Om reklame te meitsjen foar Jo webstee kinne Jo dat oanmelde by sykmasines.
Dy sykje it hiele webstee ôf en folgje de links. De resultaten binne dan foar elk te finen dy't in beskaat sykwurd folget.
In foarbyld: AltaVista® - Nederland - Search.
De grutte keunst is fansels om by Jo ûnderwerp safolle mûglik boppe-oan te stean tusken de konkurrinten en boppedat sa faak mûglik neamd te wurden. Dêr binne ferskate keunstjes foar en dat wurdt spamming neamd.
Dy spamming is in skealike saak, want wat hat de sykjende meiminske der oan as er Jo webstee hûndert kear tsjinkomt ûnder ien wurd? Hy siket ommers safolle mûglik ferskaat om dêr út kieze te kinnen. De sykmasines besykje dêrom de spamming te bestriden, mar troch it grutte tal meldings moatte hja dat wol automatysk dwaan. Sa hat AltaVista de polityk om spammende websteden folslein te wei te litten.
Unfrijwillige spamming.
Foar sawat in jier hie ik my oanmelde by AltaVista en myn webstee
waard in wike of wat dêrnei kreas yn'e
listen opnommen en ferskynde noch wer letter op oare sykmasines,
want de ien kopiearret wol fan de oare. Dat wie dus ynoarder.
Ik waard dêrom aardich kel doe't my koartby ferteld waard dat ik net mear AltaVista siet (noch wol op'e oaren gelokkich). Ik skreau dêroer oan AltaVista, mar ik krige gjin andert. Doe begûn ik te sykjen en ik fûn in troch AltaVista iepene diskusjestee oer dit ûnderwerp. Dêr die út bliken dat al hiel wat minsken banned wiene fanwege spamming sûnder dat hja it sels yn'e rekken hiene!
By efkes neiprakkesearjen is dat ek wol begryplik. Sis, Jo beginne mei in thússide index.htm en ferwize dêrop nei in ûnderwerpside. Mar it is hiel gewoan om op dy ûnderwerpside werom te wizen nei de thússide. As de sykmasine dat allegear folget, dan komt er hieltyd op'e nij op Jo ûnderwerpside telâne en as gefolch ferskynt dy tich kearen op 'e fynlisten fan AltaVista. Nei in skoftke fernimt de masine dat en wipt Jo derút. Spitich foar Jo en foar elk. Yn sokke ienfâldige gefallen sil AltaVista dat dêrom wol troch de fingers sjen en in automatisme ynbouwe dat dêrop stoppet. Mar mei al dy ûnderskate talen is myn webstee wat gearstalder en sa sil ik dus wol ta in ûnfrijwillige spammer wurden wêze.
Meta-names.
De oplossing liket my no de folgjende: ik
set op al myn siden - útsein de thússide index.htm - yn'e
html-koade ûnder <head> en content it folgjende:
<meta name="robots" content="nofollow">
Op dy wize sil de sykmesine dan wol fia de thússide op myn earste laach ûnderwerpssiden telâne komme en sil dan ek de hiele ynhâld fan dy siden ferwurkje, mar sil net fierder gean nei de fierdere detail-siden, dêr't de wiere ynhâldsteksten steane. Op dy wize sil dan de sykmasine net yn sa'n 'spam'-syklus telâne komme, wylst dochs al myn ûnderwerpen yn'e resultaat-siden komme. Wol ik dat in beskate tekst dochs noch yn detail trochnommen wurdt, dan meld ik dy apart oan.
Ik bin it no noch oan it útprebearjen, mar ik rapportearje hjir sadree't ik wit hoe't it giet.
Tafoege okt. 2003.
Sûnt dat ik dizze side 6 sept. 2000 makke
is der noch it ien oar feroare.
In tige goede nije sykmesine docht it ek yn it Frysk: http://www.google.com/intl/fy/
It wurd SPAMMING betreft no foaral it ferstjoeren fan massa's
reklame (oer wier ûnsinnige dingen) fia email. Der binne sels
CD's yn'e hannel mei email-adressen, dy't dan wer troch sokke lju
brûkt wurde. It is dus saak dat Jo adres net op sa'n CD komt en
dat wol sizze dat it net yn 'e sykmesines telâne komme moat. It
setten fan NOSPAM of NETSPAM yn Jo adres helpt dêr net mear
tsjin. Miskien dat ôfskermjen fan de side mei it boppeneamde
"nofollow" noch wat jout. Jo kinne ek nochris op de
betreffende side yn dat rigeltsje sette:
<meta name="robots"
content="noindex">
Yn ferbân mei de aksjes fan'e
muzykyndustry tsjin it frije kopiearjen binne gâns providers
derta oergien om sites mei MP3-bestannen te blokkearjen, ek yn
gefallen dat dy neat mei muzyk te krijen hawwe, lykas yn
edukative sites.