Welsk.

Al yn 1957 begûn ik mei it folgjen fan in BBC-kursus Welsk.
Mar de ûntfangst wie net al te bêst en it waard neat.

Jierren letter kamen wy dan yn Cymru en de publike ferskining fan 'e taal is wol yndrukwekkend.
Sels de iiskowein op it strân fan Porthmadog joech de priis yn ceiniog.

No mei in kassette-kursus giet it stikken better, mar altyd is it Ingelsk as tuskentaal noch lestich.
Dêrom haw ik de sprekkende programma's Welsk en Welpro makke.
Fan it lêste jou ik hjirby in foarlopige ynternet-ferzje; alle yn Help taseine funksjes dogge it noch net, mar it is dochs in goede trainer.

Wat foarbylden fan skermen / enghreifftiau.

Nij: on-line wurdboek Welsk-Frysk (115 kB). / Welsk folksliet / Inleiding WELSH

Werom nei: frysk.htm