Ynternetfaktor

Ik woe ris sjen hoe’t it Frysk en it Sealtersk op ynternet fertsjintwurdige wiene.

Dat kin men mei Google útsykje, as men de wurden wat mei sin útkiest. It moat in yn de betreffende talen faak foarkommend wurd wêze en it moat ek heel karakteristyk wêze, oars falt it tusken allerhandee wurden út oare talen wei.

As geskikt wurd keas ik sizze. Foar de ûnderskate talen jout dat it oantal meldingen op ynternet yn de folgjende tabel:

 

Taal wurd meldingen tal sprekkers melding/sprekker
Frysk sizze 21.700 440.000 0,049
Sealtersk kwe(e)de 7 2.200 0,003
Moor.Noardfrysk seede 8 5.000? 0,002
Nederlânsk zeggen 14.100.000 27.000.000 0,522
Dútsk sagen 39.500.000 185.000.000 0,214
Leechdútsk seggen 24.900 10.000.000? 0,003
Ingelsk say 1.130.000.000 510.000.000? 2,216
Welsk dweud 158.000 750.000 0,210

3 okt. 2008

Benammen by de lytse talen binne safolle mûglik lannen en sa útskeakele. Foar Mooringer Noardfrysk seede moasten lykwols noch de tige frekwinte wurdsjes en di tafoege wurde om wat it der wat út te siljen en dan moasten de gefallen dochs noch út in folle gruttere list útsocht wurde. Dêrtroch kin it tal meldingen wat te leech werjûn wêze. Gaelic abair foel út, om't it ek in namme is.

Mei sa'n 0,5 melding/sprekker is it Nederlânsk sawat 2 x sa aktyf as it Dútsk mei 0,2, mar folle minder as it Ingelsk mei 2,2. Fan'e minderheidstalen docht it Welsk it tige goed (sawat likegoed as it Dútsk), wat wol komme sil om't it yn direkte konkurrinsje mei de grutte ynternettaal Ingelsk stiet. It Frysk hinket dêr in faktor fjouwer ûnder, wylst it Sealtersk, it Platdútsk en it Mooringer Noardfrysk dêr wer mear as in faktor tsien ûnder sitte.

Om it tal siden yn in taal te berekkenjen, is it wurdsje de yn it Nederlânsk socht, wat 455 miljoen siden oplevere, dus in faktor 32 kear safolle as dy allinne mei zeggen. Dat kin lykwols net klopje, want it soe b.g. mar 224 Sealter ynternet-siden opsmite, wylst der allinne al 1593 Sealter Wikipedia-siden binne.