It Hearrenfean
Program 2002-2006
YNHALD Side Wy en de Wrâld 3 Ynlieding 5 Bestjoer 8 Algemien 8 De Gemeente 9 Miljeu 12 Wolwêzen 16 Algemien 16 Pjutteboartersplakken 20 Alderein en beheinden 21 Minderheidsgroepen 23 Underwiis 25 Basisunderwiis 26 Fuortset ûnderwiis 28 Spesjaal ûnderwiis 30 Folwoeksene-edukaasje 31 Kultuer 33 Folkssûnens 36 Sport en Rekreaasje 38 Romtlike Oardering 40 Algemien 40 Folkshúsfesting 42 Finânsjes en Ekonomy 45 Wurkgelegenheid 47 Lânbou 49 Ferkear en Ferfier 51 Kandidatelist 54 |
IN PEAR GESICHTEN
|
Wy en de Wrâld De minsken hawwe op 't heden wol wat oars oan 'e holle as gemeentepolityk, mar dochs hat ien en oar mei-inoar te krijen. In grut part fan terrorisme, oarloch en ûnderdrukking kin ferklearre wurde út de grutte ferskillen yn rykdom op 'e wrâld. It ferline hat leard dat dy ferskillen net opheft wurde kinne troch woldiedigens: de minsken moatte it sels dwaan. Dat betsjut dat de wurk gelegenheid spraat wurde moat oer de wrâld. It is net goed dat in lân as Nederlân foltroppe wurdt mei fabriken en huzen, wylst oare parten fan 'e wrâld foar wyld lizzen bliuwe. It is net goed dat oan de iene kant yn Fryslân lân skip, natoer en mienskip opoffere wurde, wylst oan 'e oare kant mondiaal mienskippen ferdwine om't alle jonge minsken fuortgeane. De gemeente hat hjir in grutte ynfloed: dy kin fierdere yndustrialisaasje befoarderje of krekt ôfremje. Wy binne fan betinken dat yn ús gemeente de optimale balâns tusken wurkgelegenheid en leefberens berikt is. Dat betsjut: ôfremje. In oare oarsaak fan ellinde op 'e wrâld is dat men as befol kingsgroep tinkt dat men méar of krekt mìnder is as oaren. Dat kin yn it iene gefal ta ûnrjochtfeardige situaasjes liede en yn it oare ta ûnberekkenbere útbarstings. Wy geane út fan de lykweardigens fan alle minsken en wy nimme dêr de konsekwinsje fan*. Dêrom fine wy dat de taal fan 'e Friezen yn 'e hiele maatskippij folslein de romte krije moat, mar wy fine ek dat minsken fan bûtenlânsk komôf alle omtinken krije moatte dy't minsklikens jin opleit. Wy fine dat wy mei-inoar ferantwurdlik binne foar de hiele wrâld en dat dêrmei net ien groep of folk him "ûnôfhinklik" ferklearje kin. Tagelyk fine wy dat sintrale oerheden net mear ynfloed hawwe moatte as needsaaklik is. *) Fierderop yn it program kinne de punten oer frjemde huzekeapers en geloksikers dêr mei yn striid lykje, mar yn beide gefallen giet it eins om misbrûk meitsjen - yn it earste gefal fan ús relative earmoed en yn it twadde fan ús relative rykdom - dat wy fan Friezen ek net goedfine. YNLIEDING Foar Jo leit it program 2002-2006 fan de FNP, ôfdieling It Hearrenfean. De FNP, de Fryske Nasjonale Partij. De measte minsken yn Fryslân witte hiel goed wat de FNP foarstiet, mar der binne ek guon dy't wat huverich binne foar de "N", d.w.s. foar it wurd "Nasjonale" yn dy namme. Dyselde minsken prate lykwols wol fleurich oer "it nasjonale tiim", "de Kristlik Nasjonale Skoalle", "it CNV", ensfh. en fine dan "nasjonale" hielendal net in beladen wurd. Foar alle dúdlikens: de FNP is net út op in eigen nasjonale steat! Nasjonalisme is fout. Mar wat betsjut dat? Wêr leit de grins? Neffens de FNP leit de grins tusken dêr wêr't men noch rekken hâldt mei jins meiminsken en dêr wêr't dat net mear dien wurdt. De FNP sil altyd rekken hâlde mei de belangen fan alle befolkingsgroepen en winsket se allegearre yn Fryslân in lokkich libben ta, op grûn fan lykweardigens. Om syn identiteit te bewarjen en te fersterkjen moat it Fryske folk eigen ferantwurdlikens drage foar alle saken dy't mei dy identiteit te krijen ha en in eigen stim ha yn it koar fan de Europeeske Mienskip. Dêr soe Nederlân in federale steatsstruktuer ta ha moatte mei foar Fryslân rjocht op selsbestjoer yn alle saken op it stik fan taal, kultuer, ûnderwiis en massamedia. Yn dy bestjoersfoarm soene de gemeenten alle taken dy't op har nivo lizze, sels utoefenje moatte. De taken dy't yn dat ramt boppe it belang of de macht fan in gemeente (of in gearwurkingsferbân fan gemeenten) útgeane, moatte oan it bestjoer fan Fryslân oerdroegen wurde. Dêrby moat dúdlik wêze: De gemeente stiet yn tsjinst fan it folk, mar hoecht net te dûnsjen foar de waan fan de dei. It stribjen nei in federaal Nederlân yn in federaal Europa is net de iennichste soarch fan de FNP. Yn 't foarste plak is dêr fansels de noed foar it miljeu. Net om't dat no yn 'e moade is, mar om't de FNP der fan har oprjochting yn 1962 ôf al fan oertsjûge is dat in skjin miljeu fan libbensbelang is foar ús allegear, mar benammen foar ús bern en bernsbern. Ut dy oertsjûging wei hat de FNP altyd hannele en sil de FNP ek yn de takomst har opstelling bepale, ek al is de priis fan in skjinner miljeu minder lúkse en minder ekonomyske wolfeart. De miljeukosten fan in produkt moatte dêrom yn de priis ta utering komme. It is net sa, dat de FNP in goede ekonomyske situaasje net wichtich fynt, mar as dy situaasje ôfwoegen wurde moat tsjin in skjin(ner) miljeu, dan moat dat lêste swierder wage, neffens de FNP. Fersmoargjende wurkgelegenheid moat dêrom ôfwiisd wurde. Wolfeart is net itselde as wolwêzen! Twad: de FNP sil altiten noed stean fan in goed sosjaal- kultureel klimaat yn de stêden èn op it plattelân. Dat betsjut dat de ûntjouwing op skaal wêze moat. Dat útgongspunt tapast op dizze gemeente, betsjut dat de FNP it in goede saak fynt dat it haadplak fan dy gemeente -It Hearrenfean- him ûntjout sa't dat de lêste jierren gien is; de FNP sil sa'n ûntjouwing stypje. Lykwols, de FNP sil der ek op tasjen dat soks noait op kosten giet fan de leefberens op de doarpen en op it plattelân. Op dat stik fan saken kin altyd rekkene wurde op de stipe fan de FNP, likefolle as it no op in doarp te rêden is om wentebou, sport- of rekreaasje-foarsjennings of it yn stân hâlden fan de skoalle. In tredde punt fan omtinken -dat eins net iens neamd wurde hoecht om't it sa fanselssprekkend is- is it Frysk, de troch it Parlemint erkende twadde rykstaal. It Hearrenfean is in twatalige gemeente; mear as de helte fan de ynwenners is Frysktalich, dat de FNP is fan betinken dat it Frysk in folweardich plak ha moat neist it Nederlânsk. Om dat plak te krijen sil it Frysk stipe ha moatte, èk fan de gemeentlike oerheid. Elk moat him of har fan it Frysk betsjinje kinne yn dizze gemeente, likefolle oft dat no op it gemeentehûs is, by offisjele gelegenheden, op skoalle of wêr oars ek. Yn dizze ynlieding binne de wichtichste oandachtspunten fan de FNP neamd, sadat fierder it FNP-program fan de ôfdieling It Hearrenfean, yn dat ljocht lêzen wurde kin. Hooplik sizze jo nei it lêzen fan dat program: "Ja, dêr bin ik it mei iens en dêr wol ik oan meiwurkje." Dat kin fansels it bêste as jo lid binne/wurde fan de FNP en/of stimme op de FNP. BESTJOER ALGEMIEN DE FISY FAN DE FNP OP BESTJOER EN YN RJOCHTING FAN EUROPA, NEDERLAN EN FRYSLAN De FNP giet derfan út dat de Friezen it rjocht takomt om as folk in mienskip te foarmjen op grûn fan eigen identiteit. De FNP wol ta op selsbeskikking, dy't polityk en bestjoerlik stal krije moat yn wikselwurking mei de steatkundige fer middens dêr't Fryslân syn plak yn hat: Nederlân en de Europeeske Mienskip. De FNP wiist de foarming fan in eigen steat ôf om't soks út 'e tiid is en wol it begjinsel fan de nasjonale selsbeskikking útwurkje neffens de wei fan it federalisme yn Europeesk ferbân. Bestjoerlike autonomy is neffens de FNP it bêste middel om te kommen ta in Europa fan de folken ynstee fan it hjoeddeiske Europa fan de steaten. Dat betsjut b.g. dat net langer de taal fan de steat de noarm wêze sil yn in beskaat gebiet, mar de taal fan it dêr wenjende folk. De FNP stribbet nei in federaal Europa, dat safolle mooglik hiel Europa omfiemje moat. De praktysk besteande dieling fan Europa moat oan kant, sadat oeral yn frijheid in kar foar ien Europeeske mienskip mooglik wurdt. Neffens de FNP moat de opbou fan dat Europa yn ferskate bestjoerlike nivo's ta stân komme neffens wilsoerienstim ming fan de naasjes dy't mei-inoar de gearstallende parten fan Europa útmeitsje; Fryslân is ien fan dy parten. Om ta sa'n federaal Europa te kommen, sil de Nederlânske steatsstruktuer ek feroare wurde moatte, d.w.s.: ek foar Nederlân in federaal steatsbestel. Dat steatsbestel moat dan op syn minst ynhâlde dat Fryslân syn rjocht op selsbestjoer útoefenet yn alle saken op it stik fan taal, kultuer, ûnderwiis en massamedia; dy saken binne sa spesifyk fan belang foar Fryslân, dat sintralisaasje yn Den Haach fan foech datoangeande net yn 'e beneaming komt. Mei it each op de skaal en de lizzing fan Fryslân soe op oar mêd sintralisaasje fan foech yn Den Haach soms wol doelmjittich wêze kinne. DE GEMEENTE Yn de hjoeddeiske situaasje leit de sûvereiniteit yn Neder lân allinne by de steat, dy't wol taken desintralisearret, mar dy't gjin bestjoersfoech erkent as in prinsipieel en net oan te taasten rjocht fan b.g. Fryslân. Dêrtroch wurdt yn de praktyk noch oan easken fan doelmjittigens, noch oan it prinsipiële rjocht op selsbeskikking fan Fryslân foldien. 1 Taken dy't oer de gemeentegrinzen hinne gean of om oare reden better yn grutter ferbân útfierd wurde kinne, moatte yn gearwurkingsferbân of yn regio's oppakt wurde; dat mei lykwols net sa útgroeie dat in 4e bestjoerslaach ûntstiet en de demokratyske kontrôle moat ek mooglik bliuwe. 2 Neffens de FNP heart elk bestjoerlik nivo syn eigen bestjoerders oan te wizen en te beneamen. De foar sitters fan Gemeenterieden -de boargemasters- moatte oanwiisd wurde troch de oanbelangjende Rieden of troch de kiezers. De bestjoerlike fernijing (dualisme) moat it bestjoer tichter by de boarger bringe. 3 Foardat in bestjoerder werbeneamd wurdt, moat syn funksjonearjen as bestjoerder hifke wurde; by in boargemaster moat dat dien wurde troch de Ge meenterie (by in kommissaris fan de Keninginne troch Provinsjale Steaten). It oardiel fan de Rie (of de Steaten) oer de bestjoerder sil de trochslach jaan moatte by werbeneamen. 4 De FNP kiest foar in Kolleezjefoarm op basis fan in program dat yn alle gefallen troch de FNP, mar leafst troch in sa grut mooglik part fan de Rie ûnderskreaun wurdt. 5 De boargers moatte op 'e tiid en dúdlik ynformaasje krije as der plannen binne om yn har wengebiet wat te feroarjen. De gemeente moat oan boargers diene tasizzingen neikomme. De gemeentestikken moatte yn begryplik Frysk of Nederlânsk opsteld wurde. 6 Yn de gemeente heart harke te wurden nei de mienings en stânpunten fan doarpen, wiken en yndividuele boar gers. Dêr moatte dúdlike ynspraakmooglikheden foar bestean, dy't likegoed ienlingen as direkt belutsen groepen genôch mooglikheden jouwe ta ynspraak by en advisearring fan it gemeentlik bestjoer. Foar it oerlis mei de ûnderskate Pleatslike Belangen en Wyk- of Buertrieden moat in goed fêstleine struktuer komme. 7 Yn guon gefallen kin privatisearring fan gemeentetaken út bedriuwsekonomysk eachpunt wei de foarkar ha; de kontinuaasje fan de útfiering fan dy taken en de 'klant'- freonlikens moatte dêr lykwols net ûnder te lijen ha. It moat dúdlik wêze, dat de gemeenteried yn alle gefallen ferantwurdlik bliuwt. De gemeente moat projektûntwikkelders mear tsjinspul jaan. 8 De gemeente moat gjin grutte risiko's nimme mei it sels optreden as ûndernimmer. As oerheidsorgaan is hja dêr minder geskikt foar yn ferbân mei de beheinings fan iepenheid en demokrasy. Boppedat mei de gemeente partikuliere ûndernimmings net bekonkurrearje. 9 De gemeente moat har safolle mooglik dwaande hâlde mei "echte" polityk; it tusken de mesken fan hegere oerheden trochswimmen mei gjin haadsaak wurde. Fansels moatte der mienskiplike regels wêze, mar dy moatte ta it minimum beheind wurde. 10 Wy binne tsjin weryndieling fan gemeenten, as dat net oerienkomt mei de winsk fan de ynwenners fan dy gemeenten. Grutskalige taken kinne yn oparbeidzjen fan gemeenten útfierd wurde. MILJEU Foar in sûne ûntjouwing fan alle libben - plant, bist en minske- is alderearst en aldermeast ferlet fan suvere lucht, skjin wetter en sûne grûn. Dêrom moat stribbe wurde nei in sûn miljeu en in sûne natoer; beide moatte ferdigene wurde tsjin de oanstriid om de fersmoargjende produksje te ferheegjen troch rôfbou op 'e natoer en tsjin de ferlieding om byproduk ten en oerbliuwsels fan ús ekonomy ôf te skowen op dat miljeu en dy natoer. De gemeente hat in grutte taak wat it miljeu oanbelanget, benammen op it gebiet fan de foarljochting en it jaan fan in goed foarbyld. 1 It hjoeddeiske miljeugedrach fan de minske sil feroare wurde moatte. Om dat te berikken is foarljochting yn de media (Crackstate Nijs, ynternet, kabeltelevyzje, HOS, ensfh.) nedich. Dy foarljochting, dy't faak, mar ien fâldich en doelmjittich jûn wurde moat, moat oanjaan hoe't omgien wurde moat mei ôffalstoffen en hoe't dy ôffalstoffen beheind en tefoaren kommen wurde kinne. 2 Miljeu-opfieding is de basis fan takomstich miljeuge drach. De wichtichste miljeu-opfieding begjint thús, mar dêrneist hat it ûnderwiis in wichtige taak op dat gebiet. Learkrêften, meisizzenskipsrieden en skoalbestjoeren dy't op dat stik fan saken wat dwaan wolle, moatte mei rie en die stipe wurde. 3 Om de folkssûnens en de natoer te beskermjen, moat it bespuitsjen safolle mooglik oan bannen lein wurde; foar it brûken fan spuitmiddels moat tastimming fan de gemeente of oare ynstânsjes nedich wêze. De gemeente sil foarljochting jaan moatte oer de meast miljeu-feilige middels en har tapassing. De gemeente moat sels gjin spuitmiddels brûke; as der al wat dien wurde moat oan it ûnkrûd kin meganyk ynset wurde. Boargers dy't net by steat binne om sels har paadsje skjin te hâlden (b.g. guon âldere minsken of beheinden) moatte dêr by holpen wurde. Hjir is goede foarljochting ek wichtich. 4 It beheinen fan de ôffalberch is needsaaklik! Dêrom moat û.m. it útskiftsjen en werbrûken fan ôffalstoffen fuortsterke wurde en dêr moat de gemeente gelegenheid ta jaan. Om de ôffalstream sa lyts mooglik te hâlden, moat de gemeente -neist it skieden ynsammeljen fan ôffal- trochgean mei it stypjen fan thúskompostearjen en it jaan fan foarljochting dêroer. Inisjativen fan boargers moatte krêftich stipe wurde; hjirby kin b.g. tocht wurde oan dongbanken, enerzjy produksje, bio-gasynstallaasjes, ensfh. De gemeente moat de gefolgen fan it Diftar-systeem foar it miljeu (swalksmoargens) yn it each hâlde. Mooglike besparrings op dat systeem moatte by de boarger telâne komme en net wer by de gemeente. De gemeente moat trochgean it opheljen fan âld papier te stimulearjen. De gemeente moat út en troch nije listen jaan oangeande de ferdieling fan ôfeart oer de griene en grize containers. 5 Op it neilibjen fan de miljeuwetten troch besteande bedriuwen moat goed tasjoen wurde en dêr moatte genôch wurkkrêften foar beskikber wêze. Grutte fersmoargers moatte goed oanpakt wurde. Nije bedriuwen meie har allinnich festigje as oan strange miljeueasken foldien is. 6 Der sil oerlis tusken boer en "miljeu-minsken" wêze moatte. Der moat stipe jûn wurde oan de boer dy 't fierder wol mei eko- of biologysk-dynamyske buorkerij. De fergoeding moat in preemje wêze foar it duorsum buorkjen, te begjinnen yn it ROM-gebiet. De gemeente moat besykje dêr jild foar yn Den Haach of Brussel los te krijen. 7 Wat it besparjen fan enerzjy oanbelanget, moat de gemeente sels it goede foarbyld jaan b.g. op it mêd fan ferwaarming en isolaasje. De gemeente moat it brûken fan alternative enerzjy aktivearje. 8 Lûdsoerlêst is in oantaasting fan de libbensromte fan minske en bist en moat dêrom ta it minimum beheind wurde. It leech-fleanen boppe wengebieten moat safolle moog lik tsjingien wurde. 9 Alle plannen dy't dêrta yn 'e beneaming komme, moatte hifke wurde op har ynfloed op it miljeu. 10 De gemeente moat befoarderje dat de fyfte snein yn 'e moanne autofrij wurdt. Dan wurdt it ris lekker stil en kinne de bern frij boartsje. 11 Rioel-oerstoarten meie net mear boud wurde; bestean de oerstoarten moatte yn fjouwer jier ferdwûn wêze. (As de gemeente der sels neat oan docht, kin se de boarger der ek net op oansprekke dat dy it fersmoarg jen tsjingean moat). De gemeente moat befoarderje dat der mear dien wurdt mei reinwetter. 12 Yn it bûtengebiet moat op in kreative wize socht wurde nei oplossings foar it loazen fan b.g. spielwetter by boeren en de oerstoart fan septic-tanks. Dêrby moatte it miljeu-rendemint en de kosten yn ferhâlding wêze, b.g. troch natuerlike filtersystemen. WOLWEZEN ALGEMIEN Yn de hjoeddeiske maatskippij steane gâns minsken en groepen der swak foar en binne de kânsen ûngelikens ferdield. Sa'n efterstân komt nammerste hurder oan as de ekonomyske situaasje min is. De mienskip heart der noed fan te stean dat de sosjale en kulturele mooglikheden fan de minsken, sa goed mooglik ta ûntjouwing komme kinne en dat elk safolle mooglik kânsen kriget. It wolwêzenwurk yn it algemien en it sosjaal-kultureel wurk yn it bysûnder, kinne dêr fan grutte betsjutting by wêze. 1 De koartings- en frijstellingregels dy't op dit stuit jilde foar minsken mei in minimumlean of mei in útkearing, moatte hanthavene of -sa nedich- útwreide wurde. De ynflaasjekorreksje dy't de gemeente algemien tapast, moat likegoed foar de gemeentlike útkearings jilde. Elk dy 't dêrfoar yn 'e beneaming komt, moat der sa maklik en ûnopfallend mooglik gebrûk fan meitsje kinne. 2 Om foar elkenien de kânsen op wurk te fergrutsjen moat de gemeente soargje foar genôch berneopfang troch - it ûntwikkeljen fan eigen (gemeentlike) inisjativen, - it stypjen fan partikulier inisjatyf op dat gebiet en - troch bedriuwen, ensfh. oan te trúnjen sels foar berne-opfang te soargjen. Dy berneopfang moat ûnder profesjonele lieding stean en foldwaan oan de kwaliteitseasken op it gebiet fan feiligens, brângefaar, hygiëne, ensfh. Bern fan 6 oant 16 jier moat ek opheind wurde kinne. (Opfang bûten skoaltiid). De kosten fan de berneopfang moatte ôfhinklik wêze fan it ynkommen fan de minsken dy't der gebrûk fan meitsje. 3 De besteande struktuer dêr 't it sosjaal-kultureel wurk foar in wichtich part yn dien wurdt troch net-profes jonele krêften en organisaasjes, moat bestean bliuwe. It profesjonele part yn dat wurk moat tasnien wêze op it ferlet dat dêrfan is. De gemeente moat derfoar soargje, dat de ferienings en organisaasjes dy't in binende krêft yn de mienskip binne, oanmoedige, fersterke en stipe wurde; datselde jildt foar it dielhawwen oan kultureel en maatskiplik wurk. 4 De Fryske kultuer (en dan benammen de taal) is de wichtichste kulturele wearde dy't Fryslân as mienskip hat; dy kultuer moat ek yn it ramt fan it wolwêzenwurk fuortsterke en stipe wurde. Beropskrêften dy't sosjaal-kultureel wurk dogge, moatte dêrom it Frysk folslein yn 'e macht ha, d.w.s. it Frysk net allinnich ferstean en lêze kinne (passive behearsking), mar ek prate en skriuwe kinne (aktive behearsking). Der moat foar soarge wurde, dat ynkommelingen net tefolle in aparte groep bliuwe. Om de yntegraasje te befoarderjen moatte projekten foar twatalige kontakten tusken Friezen en 'Hollanners' (Hollânsktaligen) en Friezen en allochtoanen stipe wurde. By foarljochting oer bewenning en yndustrialisaasje moat de gemeente wize op de twatalige situaasje, net om minsken ôf te skrikken, mar sa dat se witte hoe't it lân der hinne leit. Yn it wolkomstpakket foar nije ynwenners moat dat ek dúdlik oan 'e oarder komme. 5 De FNP is fan betinken dat alle minsken op ús wrâld -en dus ek yn ús gemeente- likefolle rjochten hawwe moatte. Dêr't soks net it gefal is, sil mei grutte ynset lykberjochtiging bestribbe en diskriminaasje -likefolle op hokker gebiet- bestriden wurde moatte. Oan saken fan frede en feiligens moat gâns omtinken jûn wurde; ûnderrjocht en opfieding op dat mêd -thús likegoed as op skoalle en yn 'e maatskippij- is fan grut belang. Underdrukking en ferfolging, rasisme, antisemitisme, in net-humaan asylbelied, ensfh. moatte mei ynmoed bestriden wurde. De plysje, dy't safolle mooglik op 'e dyk en sa min mooglik op it buro tahâlde moat, moat mei gauwens dêr wêze kinne dêr't har help frege wurdt. Groepen yn efterstânsituaasjes moatte ekstra stipe wurde en moatte by sollisitaasjes net diskriminearre wurde. 6 It wurk yn 'e wiken moat útwreide wurde, sadat de problemen dêr oanpakt wurde en b.g. ûnder de oandacht fan it gemeentebestjoer brocht wurde kinne. It wykwurk moat ek in bydrage leverje oan it mienskipslibben en de bining ûnder inoar. 7 It jongfolk moat oan syn trekken komme kinne en net oanwiisd wêze op bars en it omdangeljen op 'e dyk. Alle inisjativen op it mêd fan aktyf en kreatyf jongerein wurk moatte krêftich stipe wurde; soks sil ek sûnder mis fangefolgen ha dat de fernielderij ôfnimt. As der ferlet fan is, moatte sosjaal-kulturele sintra en klub- en buerthuzen yn 'e fakânsjetiid ek iepen wêze. De alkoholferkeap yn dy sintra en yn klub- en buert huzen moat beheind wurde. It drugsbelied moat alle omtinken hâlde troch foarljochting ensfh. 8 Foar de 60-plussers moat in gaadlik 'trefplak' op It Hearrenfean komme. It Posthûs soe in treflik plak wêze. 9 Oan alle publyk-tagonklike gebouwen moatte sokke easken steld wurde dat doarren, treppen, liften, toilet ten, ensfh. foar elkenien maklik yn te kommen en te brûken binne. Yn alle wiken en op alle doarpen moat sa ticht mooglik by de winkel, it wyksintrum/doarpshûs en/of de bus halte in tal wenten boud wurde dy't sûnder beswier oanpast wurde kinne oan de easken fan âlderein en beheinden. By alle strjithoeken en sebrapaden moat in lykmjittich ferrinnende ferleging fan de stoepen komme, sadat minsken mei berneweinen, âlderein en beheinden minder swierichheden ha by it oerstekken. PJUTTEBOARTERSPLAKKEN 10 Der moat soarge wurde foar genôch en goede pjutteboarters plakken ("peuterspeelzalen"). Dat is tige wichtich, net mei it doel om de fersoargers fan it bern ris even de hannen frij te jaan, mar om it jonge bern ûnder goede lieding yn kontakt te bringen en boartsje te litten mei bern fan deselde âldens. De bern wurde sa boartsjendewei en ûngemurken taret op de basis skoalle. 11 Foar de ûntjouwing fan de bern en foar har selsbetrou wen is it fan grut belang dat bern benammen op de pjutteboartersplakken (mar letter ek op de basis skoalle) yn har memmetaal opfongen en begelaat wurde. De fiertaal op de pjutteboartersplakken is foar it grutste part it Nederlânsk, dat Nederlânsktalige bern komme oer't generaal op dat punt neat te koart; Frysktalige bern dêrfoaroer komme gâns bekaaider út en dat is net in goede saak. Op sa'n manier wurdt de thúsbasis fan in bern -dêr't syn taal in part fan is- geweld oandien en dêrtroch sil de natuerlike ûnt jouwing fan it bern fakentiids opkeard wurde. Om dy reden moatte de helpen op de pjutte boartersplakken yn alle gefallen twatalich wêze en moat gebrûk makke wurde fan 'e ûnderfining fan de Stifting Pjutteboartersplakken. ALDEREIN en BEHEINDEN Dy twa groepen wurde yn ien haadstik neamd om't foar in grut part foar beide groepen deselde foarsjennings nedich binne. It belied foar de âlderein moat derop rjochte wêze, dat minsken harsels - salang en safolle mooglik- selsstan nich en yn eigen fermidden rêde kinne. Datselde jildt foar beheinden. Der moat goede ynformaasje wêze oer de mooglikheden fan de WVG (Wet Voorzie ningen Gehandicapten) yn oanpassingen en ferfier. Yn dat ramt giet de FNP út fan it begjinsel fan draachkrêft. Dyjingen dy't finansjeel yn 'e knipe komme troch tefolle eigen bydragen, moatte yn 'e mjitte kommen wurde. It soarchloket (STIP) moat útwreide wurde foar de doarpen. 12 Om âldere minsken en beheinden dy't dat wolle en kinne, sa lang mooglik selsstannich wenje te litten, moatte foarsjenningen yn 'e trant fan boadskippetsjin sten en alarmsystemen stipe wurde; dêrneist moat goed omtinken jûn wurde oan de âlderein-/ gesinsso arch, de thússoarch, de tsjinste-sintra, ensfh. 13 De âlderein, dy't in wichtich part fan de mienskip foarmet, moat aktyf belutsen wurde by plannen en maatregels dy't foar har fan belang binne, b.g. op it mêd fan it wolwêzenwurk, de húsfesting en it ferkear/ ferfier. By de organisaasje fan aktiviteiten dy't spesjaal ornearre binne foar âldere minsken, moatte fer tsjinwurdigers fan dy minsken in wichtige stim ha en moat dy fertsjinwurdiging in goede ôfspegeling fan de hiele âlderein wêze. Harren oerlis mei de wethâlder moat ynfloed hawwe. 14 In goede sprieding fan winkels en tsjinstferlienende foarsjennings foar doarpen en wiken moat stimulearre wurde. Yn de âldere wiken/buerten is de fierdere oan lis fan rinders-, kuier- en fytspaden fan grut belang. Yn nije plannen moat it plak fan wenten dy't gaadlik binne foar de âlderein, sà keazen wurde dat de deistige foarsjennings maklik te berikken binne. Yn beide gefallen moatte der goede busferbinings wêze. 15 De opset fan âldereinhuzen en wenienheden moat lytsskalich wêze, sadat der in gruttere sprieding komme kin en de minsken faker yn har eigen fermidden en omkriten bliuwe kinne. De soarch moat by de minske brocht wurde. Frysktaligen moatte harren net hoege te ferbrekken yn kontakt mei helpferlieners. MINDERHEIDSGROEPEN Hjirmei wurdt doeld op groepen allochtoane ynwenners. Dy groepen sitte foar in grut part yn efter stânsituaasjes, benammen wat wurk oanbelanget; yn dy situaasje moat ferbettering komme en dêr moat dus omraak oan wurke wurde op alder hanne mêd: begelieding, taalkursussen, goede hûsfesting, ensfh. Boppedat moat ek omtinken jûn wurde oan it feit dat de minderheidsgroepen ferskillend binne, d.w.s. der binne bûtenlânske wurknimmers, flechtelingen en ymmigranten. 16 Om't de efterstânsituaasje foar in grut part út taalproblemen fuortkomt, moat it taalûnderwiis krêftich en doelmjittich oanpakt wurde. Om te soargjen dat dy minderheidsgroepen it Nederlânsk yn 'e macht krije, is it opnimmen fan Nederlânsk yn de basisedukaasje net genôch, mar moatte der ek aparte kursussen wêze dy't folslein op har situaasje tasnijd binne. 17 Om't ek foar dy minderheidsgroepen jildt, dat se yn in twa-talige gemeente wenje en libje, moatte se dêrneist ek it Frysk -op syn minst passyf- behearskje; dêr sûnder sille se hjir net goed funksjonearje kinne en - wat perfoarst net minder wichtich is- sille se har hjir sa gau en goed net thús fiele, om't se it Frysk rûnom tsjinkomme: op it wurk, yn de winkels, by it sporten, yn de krante, by kulturele eveneminten, ensfh. Om dy reden moat it Frysk net allinnich opnommen wurde yn de basisedukaasje, mar moat der ek in spe sjaal foar dy groepen ornearre kursus Frysk komme. Projekten foar persoanlik kontakt tusken befolkings groepen op grûn fan lykweardigens moatte befoardere wurde. 18 As de minderheidsgroepen har hjir goed ûntjaan sille, moatte se iepenstean foar de -foar har fan hûs út frjemde- kultuer yn dizze gemeente (provinsje). Om dat te berikken is it saak, dat hja earst ynsjoch krije yn en goed op 'e hichte binne mei eigen taal en kultuer; har selsbetrouwen en gefoel foar eigenwearde sille dêrtroch tanimme en dat makket dat se earder en better yn in oare kultuer funksjonearje kinne. De FNP is dêrom fan betinken dat oan de minder heidsgroepen gelegenheid jûn wurde moat ta it folgjen fan ûnderwiis yn eigen taal en kultuer, ek foar de twadde generaasje. 19 De gemeente moat inisjativen befoarderje, dy't helpe by it yndividueel ynboargerjen fan de hjir al langer wenjende allochtoanen, dy't bûten de dêrfoar ornearre wet falle. Sa kin ek soasjale isolaasje en feriensuming tsjingien wurde. 20 De gemeente moat noch helte mear as oant no ta inisjativen stypje dy't asylsikers paadwiis meitsje yn de Nederlânske wetten en foarskriften. Dat hâldt ek yn dat hja by ôfwizing fan har asylfersyk holpen wurde om op in minsklike wize werom te gean. 21 De gemeente moat de hegere autoriteiten presse om derfoar te soargjen dat hjir allinne echte flechtlingen opnommen wurde, dus gjin geloksikers. UNDERWIIS Underwiis moat rjochte wêze op de sosjale en kulturele foarming fan de minske; it moat minsken foarmje ta mûnige boargers en har de feardichheden bybringe dy't nedich binne om har yn 't maatskiplik libben rêde te kinnen. De minsken moatte de mooglikheid ha om neffens oanlis en belangstelling sels út te meitsjen hokker ûnderwiis se folgje wolle. It ûnderwiis yn Fryslân moat útgean fan en rjochte wêze op lykberjochtiging en lykweardigens fan de beide talen -Frysk en Nederlânsk- en fan de minsken dy't dy talen prate. De streektalen, lykas it Stellingwerfsk, moatte har gerak ek krije. Meartalich ûnderwiis hat in geunstich effekt op de yntellek tuele ûntjouwing fan it bern. Mei om dy reden moat opti maal gebrûk makke wurde fan it feit dat Fryslân in twatalige provinsje is. De gemeente moat dêrom it ûnderwiis yn it Frysk en it Frysk yn it ûnderwiis safolle mooglik stypje en stimulearje. De gemeente hat oant no ta in dûbele taak op it mêd fan it ûnderwiis: a in algemiene taak as hoeder fan it wolwêzen en wolbefinen fan har ynwenners, dêr't ek goed ûnderwiis en goede ûnderwiisfoarsjenningen ta hearre en b in spesifike taak as foechhawwend gesach fan de iepenbiere skoallen, foarsafier't dat gemeentlike skoal len binne. De gemeente moat syn ynfloed brûke om der foar te soargjen dat yn it iepenbier ûnderwiis it iepenbiere (alge miene) karakter behâlden wurdt. No't alle ûnderwiisynstellings bestjoerlik los komme te stean fan 'e gemeente, is de politike ynfloed sa grut net mear, mar de gemeente moat al wach bliuwe dat it Frysk yn it ûnderwiis syn gerak kriget. Der liket yn it ûnderwiis net genôch each te wêzen foar de wichtige rol dy't it Frysk spilet yn Fryslân. Foar de measte beroppen is kennis fan it Frysk tige nuttich en foar guon (ferkeapers, journalisten, soarch, tsjinstferliening) is pas sive kennis ûnmisber. De gemeente moat hoe dan ek ynfloed útoefenje om dêr yn it ûnderwiis ek rekken mei te hâlden. IT BASISUNDERWIIS 1 Foar in harmoanyske ûntjouwing fan bern is it wichtich dat har skoaltiid goed út ein set. Dêr is û.m. ta nedich, dat bern har feilich fiele op skoalle. Om dy reden moat der foar bern fan 4 en 5 jier in apart boartersplak wêze op it skoalplein òf moat it skoft op in oare tiid hâlden wurde as foar de oare bern; ek yn de skoalle moatte de lytskes net ûnder de foet rûn wurde kinne troch de gruttere bern. 2 Om goed leare te kinnen, moatte bern har thús fiele op skoalle en yn 'e omkriten fan de skoalle. Dêrom moatte bern net fier hoege te reizgjen, alhielendal net no't ek al lytse bern fan 4 en 5 jier nei skoalle gean. De skoalle moat b.g. net sa fier fuort wêze, dat de bern yn it middeisskoft net nei hûs ta kinne. It is fan it grutste belang dat alle doarpen har skoallen hâlde en dat elke buert of wyk har skoallen hâldt. Dêr sil alle war foar dien wurde moatte! 3 Selsbetrouwen fan it bern wurdt grutter as it de taal fan thús brûke kin, dus behearsking fan it Frysk is in middel om de kwaliteit fan it ûnderwiis grutter te meitsjen. Om foldwaande yn te spyljen op 'e twatalige sitewaasje moat oan alle learkrêften dy't les jouwe oan de groepen 1 en 2, de eask steld wurde dat sy it Frysk folslein yn 'e macht ha of se moatte ree wêze om it Frysk op koarte termyn yn 'e macht te krijen. 4 As in bern him op skoalle goed ûntjaan sil, moat er him bewust wêze fan syn eigen identiteit. In wichtich part fan dy identiteit is syn eigen taal, syn thústaal, en it is dêrom fan it grutste belang, dat er dy taal èk leart te lêzen en te skriuwen. Neigeraden in bern syn eigen taal yn 'e macht hat, sil er in twadde taal oanleare kinne (leart mear-talich te tinken). Op û.m. dy grûnen is it Frysk yn it basisûnderwiis in ferplicht fak wurden. Der moat op tasjoen wurde, dat oan dy ferplichting foldien wurdt, nèt troch de bern sa út en troch ris in Frysk ferske sjonge te litten, mar troch der mei ynmoed nei te stribjen, dat de Frysk talige bern oan 'e ein fan de basisskoalle har eigen taal ek lêze en skriuwe kinne. Dêrby kinne dan de Nederlânsktalige bern safier brocht wurde, dat dy yn alle gefallen it Frysk ferstean en lêze kinne. Om dat te berikken, moat der in beneamingsbelied wêze, dat der op rjochte is dat - yn alle gefallen de direkteur fan in basisskoalle it foech hat Frysk te jaan, - oer 't generaal àlle ûnderwiiskrêften oan dy basis skoalle it foech Frysk ha, wat ynhâldt dat - oan in skoalle mar in lyts tal ûnderwiiskrêften wêze mei dy't it Frysk allinnich mar passyf behearskje, wylst - it útsluten wêze moat dat immen dy't it Frysk net iens ferstean kin, les jout op in basisskoalle. Al hoe wichtich it is dat de minsken dy't les jouwe op de basisskoalle, it foech Frysk ha, fan noch grutter betsjutting is de hâlding fan de lesjouwers foar it Frysk oer. Dy hâlding moat perfoarst posityf wêze en dêr moat de sollisitant(e) omraak op hifke wurde! Wa't dêr net oan foldocht, dy is net by steat om it bern de feiligens en de begelieding te jaan dêr't it rjocht op hat. IT FUORTSET UNDERWIIS Alle skoallen foar fuortset ûnderwiis, foar it berops-ûnderwiis likegoed as foar it algemien foarmjend ûnderwiis, binne festige op It Hearrenfean. Dat betsjut dat nei de basisskoalle in grut part fan de bern út de doarpen wei alle dagen nei It Hearrenfean reizgje moat foar it ferfolchûnderwiis. 5 Der moat goed omtinken jûn wurde oan de feiligens fan de fyts (brommer-)rûtes fan de bern dy't út de doarpen wei op It Hearrenfean nei skoalle moatte. Der moatte net allinnich maatregels nommen wurde op ferkearstechnysk gebiet, mar ek op it gebiet fan ferkearsûnderwiis. 6 It Frysk moat ek op alle skoallen foar fuortset ûnderwiis as fiertaal brûkt wurde kinne. De Frysktalige bern meie op dat stik fan saken net eftersteld wurde by de Nederlânsktalige bern. 7 It Frysk hat benammen in tige wichtige rol yn de begelieding fan'e bern. Begelieding is yn it fuortset ûnderwiis yn earsten oanlis de taak fan de mentor. Frysktalige bern moatte mei har mentor yn it Frysk prate kinne oer de problemen dêr't se mei sitte: problemen dy't faak te krijen ha mei konflikten thús of mei bern yn 'e klasse, mei konsintraasjeproblemen, net planne kinne, faaleangst, ensfh.. Krekt omdat it hjir om emosjonele problemen giet wolle guon bern hjir graach yn it Frysk oer prate. Yn it kontakt tusken mentor en Frysktalige âlden hat it Frysk ek in wichtige rol. De gemeente moat hjir in fasilitearjende rol nimme. Dus: de bestjoeren en/of direksjes fan de skoallen foar fuortset ûnderwiis útnoegje foar oerlis, har freegje nei har belied op dat mêd, en har freegje hoe 't de gemeente hjiryn de skoallen stypje kin, b.g. mei subsydzje op taalkursussen Frysk foar mentoaren of mei fasiliteiten foar it fak Frysk yn 'e basisfoarming. De gemeente kin hjir folle dúdliker foar it belang fan har ynwenners opkomme en sa oan de skoalliedingen dúdlik meitsje dat der in maatskiplik belang is by in goed Frysk taalbelied. By it ûnderwiis yn frjemde talen moat optimaal profi tearre wurde fan it feit dat de measte bern yn Fryslân al twatalich binne en al leard hawwe de beide talen neist inoar te brûken. 8 Yn Fryslân is yn de basisfoarming, dy't sûnt augustus 1993 op alle skoallen foar fuortset ûnderwiis jûn wurdt, it Frysk in ferplicht fak (neist oare ferplichte fakken); frjemdgenôch krije de skoallen foar dat ekstra fer plichte fak gjin ekstra fasiliteiten. Om te soargjen dat it fak Frysk syn gerak kriget en net ûndersnijt yn oare 'nije' ferplichte fakken lykas 'technyk', 'ynformaasje kunde' en 'fersoarging' wurdt net allinnich fan de skoallieding ynventiviteit en kreativiteit frege, mar moat ek de gemeente har ynspanne en de skoallen op dat mêd stypje en stimulearje. 9 By it beneamen fan leararen/leararessen yn it fuortset ûnderwiis moat it sollisitaasjebelied derop rjochte wêze dat alle ûnderwiiskrêften it Frysk yn alle gefallen passyf behearskje. Ek by de fierdere oplieding fan it sittende personiel en by de promoasjekriteria moat passive behearsking fan it Frysk in rol spylje. Fierder moat elk dy't Frysk jout, ek in folslein foech ha foar Frysk op dat nivo. IT SPESJAAL UNDERWIIS Skoallen foar spesjaal ûnderwiis freegje fansels ek spesjaal omtinken fan de gemeente. 10 It projekt 'Weer samen naar school' (dat as doel hat safolle mooglik bern út it spesjaal ûnderwiis nei it regulier ûnderwiis te krijen) fertsjinnet alle stipe, mei as útgongspunt: mei-inoar dêr't it kin en apart dêr't it moat. It belang fan it bern moat foarop stean. 11 Om bern dy't nei de skoallen foar spesjaal ûnderwiis gean, letter yn de maatskippij sa goed mooglik funk sjonearje te litten, moatte dy bern goed útrist wurde. Om't it te rêden is om bern dy't in wat ûngeunstiger útgongsposysje ha as dy yn it gewoane ûnderwiis, moat de gemeente der nei stribje, dat dy skoallen oer ekstra fasiliteiten beskikke kinne, d.w.s. fasiliteiten dy't tasnijd binne op it aard fan de bern. 12 Noch mear as foar bern yn it gewoane ûnderwiis is it foar bern yn it spesjaal-ûnderwiis needsaaklik dat se opfongen en begelaat wurde yn har eigen taal en dat se har eigen taal op skoalle ek gewoan brûke kinne. Foar Nederlânsktalige bern sil dat altyd it gefal wêze, mar by Frysktalige bern sil dêr goed om tocht wurde moatte. FOLWOEKSENE-EDUKAASJE De folwoeksene-edukaasje moat stimulearre en stipe wurde. Dy edukaasje is foar ûnderskate minsken tige wichtich: - om de kâns op it krijen fan wurk of fan oar wurk te fer grutsjen; - as twadde kâns ûnderwiis foar minsken dy't eartiids net de gelegenheid hân ha en folgje in bepaalde oplieding; - as frije tiidbesteging, likefolle oft it no te rêden is om wurkleazen, om "vutters" of om wa oars ek mei frije tiid; - as middel ta sels-ûntjouwing. 13 Om elkenien de gelegenheid te jaan en doch mei oan folwoeksene-edukaasje, moat de gemeente noed stean fan genôch berne-opfang, èk bûten de skoal tiden om. 14 As de rykssubsydzje net foldwaande is, moat de ge meente safolle mooglik finansjeel byspringe. 15 It net yn 'e macht hawwen fan it Frysk moat yn Fryslân as in maatskiplike efterstân beskôge wurde. Om dy reden heart it oanlearen fan it Frysk opnommen te wurden as in ûnderdiel fan de basisedukaasje. 16 Kursussen dy 't omtinken jouwe oan de kreative en terapeutyske kant fan it skriuwen -foaral yn eigen taal- moatte befoardere wurde. KULTUER Neist de taken dy't alle gemeenten yn Nederlân hawwe op it mêd fan kultuerbelied, hawwe de gemeenten yn Fryslân noch in ekstra taak: noed stean foar de FRYSKE kultuer. Dy Fryske kultuer bestiet foar in part net neist, mar yn de Nederlânske kul tuer, d.w.s. se binne foar in part gelyk. It wichtichste ferskilpunt tusken de beide kultueren is lykwols: de taal. Yn dy twa-talige situaasje slacht rûnom it Nederlânsk foar master op en driget it Frysk fakentiids yn 'e nederklits te reitsjen. Om't it Nederlânsk yn it ferline ta standerttaal ferheft is, hat it in befoarrjochte posysje: it wurdt rûnom brûkt (yn it folsleine maatskiplike ferkear, yn it ûnderwiis, yn de rjocht spraak, ensfh.) en troch suver elkenien (it regear, de media, it bedriuwslibben, de medisy en gean samar troch). It Frysk moat dêr algeduerigen tsjin opbokse. Sil it de slach net ferlieze, dan moat it èk stipe wurde troch de oerheid, troch de ryksoerheid likegoed as troch de provinsjale en de gemeentlike oerheid. Op dat stik fan saken leit dus ek foar de gemeente It Hearrenfean gâns in taak! 1 It útfieren fan it gemeentlik beliedsplan Frysk moat goed yn 'e rekken hâlden wurde. 2 De besteande Fryske nammen fan doarpen, plakken, buerten, wiken, strjitten, diken, ensfh. moatte, foarsa fier't dat net it gefal is, in offisjele status krije. By nij te beneamen buerten, wiken, strjitten en diken moatte Fryske nammen foar kar nommen wurde. 3 Fryske kultuerfoarmen op it mêd fan muzyk, toaniel, dûns en byldzjende keunsten moatte omtinken krije en stimulearre wurde. 4 As wichtige stipe fan kultuer yn it algemien en fan de Fryske yn it bysûnder, moat de iepenbiere bibleteek rejaal de romte krije en hâlde. It ûndersykjen, fêstlizzen en/of tagonklik meitsjen fan gegevens foar belangstellenden fan de skiednis fan eigen gea moat oanmoedige en stipe wurde. 5 Om it Frysk in folweardich plak te jaan neist it Ne derlânsk moat de gemeente it aktyf brûken fan it Frysk stimulearje. Elk dy't dat wol, moat him of har rûnom yn 'e gemeente fan it Frysk betsjinje kinne. Gemeente-amtners moatte, neist it Nederlânsk, ek it Frysk yn 'e macht ha. Amtners dy't it Frysk net be hearskje of allinnich mar passyf behearskje, moatte oantrune wurde Frysk te learen (sa nedich moat de gemeente finansjele stipe jaan). Oan nij te beneamen amtners moat de eask steld wurde dat se it Frysk yn 'e macht ha of ree binne mei faasje Frysk te learen. Mei it each op dat útgongspunt moatte de gemeente-fakatueres yn it Frysk yn de kranten set wurde. De gemeente moat safolle mooglik it Frysk brûke yn de kommunikaasje mei har amtners en mei de oare ynwenners fan de gemeente of fan de provinsje. Der moat meiwurke wurde oan it ta stân kommen fan yntergemeentlike oefendagen yn twatalich petear foar it gemeentepersoniel. 6 Mei it each op de representativiteit fan de HOS (Heerenveense Omroep Stichting) moat de gemeente der by de HOS op oanstean, dat it Frysk yn de útstjoeringen better syn gerak kriget. 7 No 't regionale radio en TV rûnom hieltyd wichtiger fûn wurde, sil ús gemeente ek gebrûk meitsje moatte fan de mooglikheden fan Fryske radio en TV (b.g. ge meente-meidielings ensfh. yn teletekst. De ynternet- side fan 'e gemeente moat nijsgjirriger wurde. 8 De FNP fynt twa musea foar dizze gemeente tefolle. De gemeente moat befoarderje dat it Museum "Willem van Haren" ek in argeologyske ôfdieling kriget. 9. De gemeente moat de kabelmaatskippij presse om radio- en TV-programma's yn in goede kwaliteit troch te jaan. FOLKSSUNENS By de folkssûnens moat it belied rjochte wêze op it behâld en it berikken fan optimale geastlike, lichaamlike en sosjale sûnens fan de minsken. Yn dat belied moatte de belangen fan de minske as pasjint/ konsumint sintraal stean. Om't de sûnenssoarch ticht by de minsken stean moat, is de FNP fan betinken, dat de koördinaasje yn en de ferantwurdlikens foar it folkssûnensbestel oan de pro vinsjale en gemeentlike oerheden komme moatte. It Ryk moat dêr de sinten foar beskikber stelle. 1 It behâld fan sûnens en it tefoaren kommen fan sykten moatte befoardere wurde troch - it fersmoargjen fan wetter, lucht en grûn foar te kommen en lûdsoerlêst tsjin te gean, - -sa nedich- it ferbetterjen fan wurkklimaat en wurk- omstannichheden, - it fergrutsjen fan de ferkearsfeiligens foar alle ferkearsdielnimmers, - it stypjen fan en it oantrúnjen ta it meidwaan oan sporten dy't de sûnens befoarderje kinne, - yn ûnderwiis, foarming en foarljochting a mear omtinken te jaan oan manieren en moog likheden om sûnens te behâlden en sykten tefoaren te kommen lykas b.g. sûn ite, geregeld libje, it ferbetterjen fan de feiligens thús, op it wurk en yn 't ferkear, ensfh. en b te wizen op de skealike gefolgen fan drank, drugs, nikotine en guon medikaminten, - it brûken fan ferdôvjende middels (en benammen dy fan "hard drugs") tsjin te gean mei as wichtich middel it ferbetterjen fan it maatskiplik útsjoch fan 'e jongerein en - minsken te learen om krityske konsuminten te wêzen. 2 By it festigingsbelied en it opsetten fan gearwurkings ferbannen en sûnenssintra moatte berikberens en frije kar út helpferlieners de útgongspunten wêze. By dat belied sille ek de konsuminten belutsen wurde moatte. Helpferlieners dy't har op ferantwurde wize dwaande hâlde mei alternative genêswizen, meie troch dat belied en it opsetten fan dy gearwurkingsferbannen en sûnenssintra net útsluten wurde of yn 'e knipe komme. De sprieding fan húsdokters, apteekhâldende dokters, apteken en oare medyske tsjinsten moat sa wêze, dat se ticht by de minsken festige binne en gewoanwei alle dagen berikber binne. SPORT EN REKREAASJE Elk moat de gelegenheid ha om oan sport te dwaan: fan jongerein ta âlderein en fan net- beheinden ta beheinden. Om't de minsken hieltyd mear frije tiid krije, wurdt de belangstel ling foar rekreative sporten hieltyd grutter. 1 Net allinnich op It Hearrenfean, mar ek op de doarpen moatte foar elkenien goede sport- en rekreaasjefoarsjennings wêze. 2 Om safolle mooglik minsken tagong te jaan ta dy sport- en rekreaasjefoarsjennings, moatte dy net te djoer wêze. Mei om dy reden moat de selswurksumens fan de minsken by oanlis en ûnderhâld fan de foarsjennings stipe en stimulearre wurde. Mear dielnimmers liedt ta minder problemen op 'e dyk. 3 It yn stân hâlden fan djoere beropssporten leit net op 'e wei fan de gemeente; wòl it befoarderjen en yn stân hâlden fan dy sporten dy't elk de gelegenheid jouwe aktyf dwaande te wêzen. Yn alle doarpen en wiken moatte boarters- en skopfjildsjes wêze foar bern en jongerein. 4 Om it rekreatyf fytsen oan te moedigjen, moatte besteande fytspaden breder makke en goed ûnderhâlden wurde. Der moat trochgien wurde mei it autolij meitsjen fan fytsrûtes (b.g. de Tsjongerdelling, de wei nei Tsjaarda ta). 5 Wat de wetterrekreaasje oanbelanget moatte yn it foarste plak foar de eigen ynwenners fan de gemeente genôch lisplakken wêze. Neist de jachthaven-akkomodaasje moatte ek ienfâldige lisplakken oanlein wurde. Bûten de jachthaven moat ek gelegenheid wêze lytse boatsjes yn en út it wetter te krijen. 6 Foar sportfiskers moatte mear ienfâldige foarsjennings komme dy't ek foar beheinden berikber wêze moatte. 7 De gemeente moat it ynkomsteferlies kompinsearje foar sportferienings dy't frijwillich ôfstân dogge fan alkoholferkeap yn har kantines. 8 De gemeente moat yn oerlis mei de boskeigners besykje in bettere skieding oan te bringen tusken paden foar kuierders, ruters en terreinfytsen. 9 De gemeente moat gjin grutte risiko's nimme yn it projekt "Hearrenfean Sportstêd" en yn alle gefallen moat it sportlibben op 'e doarpen nei ferhâlding subsidiearre wurde. 10 It nije swimbad moar foar elkenien tagonklik wêze tsjin ridlike tariven, ek noch as it privatisearre wurdt. ROMTLIKE OARDERING ALGEMIEN De omkriten moatte yn in minskelibben net ûnwerkenber feroarje. It doel fan romtlik oarderjen moat wêze it befoarderjen fan it wolwêzen fan de befolking yn de gemeente. It giet der dus om, de leefberens fan de mien skippen en it eigen aard fan lânskip en natuerlik fermidden fuort te sterkjen. 1 It wenjen, it wurkjen, it rekreearjen en foarsjennings lykas skoallen, winkels, sport- en ferieningsromten moatte sa spraat wêze, dat de leefberens fan de mienskippen behâlden en befoardere wurdt; it wenjen, it wurk en de rekreaasje moatte net te fier útinoar komme te lizzen. Nije útwreidingsplannen moatte oanslute op 'e besteande sitewaasje en dy goed de romte litte en net in te grutte ynbreuk meitsje op it karakter fan it doarp. De gemeente moat befoarderje dat by brân of ôfbraak karakteristike âlde gevels bestean bliuwe. 2 Lytse doarpen moatte in mear as evenredich part fan de befolkingsgroei krije kinne as dêr ferlet fan is. Op alle doarpen heart romte foar wentebou te wêzen. Om de wentebou yn guon doarpen te stimulearjen, moatte dêr de bougrûnprizen foar lytse kavels leech hâlden wurde. De gemeente moat dêrom foarkars rjocht op takomstige bougrûn krije. 3 Lytsskalige ambachtlike bedriuwen moatte har, ûnder betingsten oer de takomstige grutte fan it bedriuw en oer de fersmoarging, op 'e doarpen festigje kinne, leafst yn leechkommende boerebedriuwen. Under sekuere betingsten kin der oan meiwurke wurde dat der op oare plakken ek oarsoartige bedriuwen - b.g. winkels- har festigje op 'e doarpen yn it bûten gebiet. Dêr heart it befoarderjen fan 'e leefberens op de doarpen by foarop te stean. 4 It middenstânskarakter fan 'e Hearrewâl moat hantha vene wurde, om't dat de bêste kâns jout foar it behâld fan de âlde bebouwing. By it stadion moat gjin detailhannel komme, om't dat it winkelbestân tefolle fersnipelt, mei útsûndering fan in supermerk foar Skoatterwâld. 5 Lytse natoergebieten binne net maklik yn behear en ûnderhâld. It werombringen fan in natuerlik wetterpeil -om de ekologyske omstannichheden te ferbetterjen- freget oer it algemien ek gruttere ienheden. Dêr 't dy omstannichheden har foardogge, sille dêrom oan passingen komme moatte; dêr kin lânbougrûn foar natoerbehear by beskikber komme. Soks soe faaks kinne yn it ramt fan it ROM-projekt Súd-East Fryslân. 6 Benammen by natoergebieten om moat de alternative lânbou (biologysk-dynamyske of ekologyske) stipe wurde. De mooglikheden foar lytsskalige bedriuwen, benam men op it mêd fan alternative lânbou, moatte ûnder socht wurde. Yn de omkriten fan natoergebieten sil mear omtinken jûn wurde moatte oan agrarysk natoerbehear om sa de skealike ynfloed fan lânbou op dy gebieten ôfnim me te litten en skea foar de brûkers te beheinen. 7 By it ûntwikkeljen fan nije útwreidingsplannen moat goed tocht wurde om de feiligens fan de takomstige bewenners en om de berikberens fan foarsjenningen foar de âlderein en beheinden. By it ûntwikkeljen fan nije bestimmingsplannen moat by it situearjen fan boukavels ek goed rekken hâlden wurde mei in optimale lizzing foar it brûken fan sinne- enerzjy. 8 Wetterwegen, fivers en grienfoarsjenning moatte goed ûnderhâlden wurde. Der moat mear grien yn 'e strjitten komme. FOLKSHUSFESTING 9 De bou fan sosjale hierwenten moat oer de hiele gemeente ferspraat wurde, soks yn oerlis mei de wente boukorporaasjes. De sosjale wentebou moat him rjochtsje op hierwenten en goed keape keapwenten. It ferkeapjen fan goedkeape hier wenten yn bewenne steat sil ûnder betingsten kinne, mar moat altyd fan gefal ta gefal besjoen wurde. Foar djoerdere wenten moat dat makliker lizze. De wentebouferienings moatte iepen en demokratysk wêze, sadat hierders sizzenskip hawwe. 10 Yn de kommende tiid sille de âlderwurdende minske in hieltyd grutter plak ynnimme yn ús mienskip. Hjir sil -wat de wentebou oanbelanget ek- rekken mei hâlden wurde moatte. Om't de âlderein no oare easken en ferlangens hat as b.g. 20 jier lyn, moat der romte wêze foar nije wenfoarmen en oan te passen en oanpaste wenten. De bou fan foar alle libbensfazen geskikte wenten en famyljewenten moat befoardere wurde. Dat jildt ek foar beheinden. De doarpen meie hjir net by fergetten wurde: doarpen mei in ridlik foarsjenningsnivo moatte hjir it earst foar yn 'e beneaming komme, sadat de minsken dêr ek langer yn de foar har fertroude omkriten wenjen bliuwe kinne. 11 De gemeente moat op 'e priis fan bougrûn in opslach lizze om de kosten fan argeologysk ûndersyk by grûnfersteuring op te fangen (ferdrach fan Malta). 12 By útjefte fan bouterrein en ferhier fan wenten fan iepenbiere lichems (gemeente, boukorporaasjes) op doarpen moat foarrang jûn wurde oan minsken dy't ekonomyske en/of sosjale bining mei it doarp hawwe. Oars is der foar eigen doarpsbewenners aanst gjin plak mear. 13 Utwreiding fan doarpen moat barre yn lytse ienheden om de sosjale struktuer fan in doarp net ynienen alhiel te feroarjen. 14 By it beslút oer it al of net trochfieren fan fernijings plannen yn wiken en doarpen moatte de winsken fan de bewenners tige swier meiweage. Der moat soarge wurde dat der genôch goedkeape hierwenten bliuwe en dat dy goed ûnderhâlden wurde. It mei net sa wêze dat wenten ôfbrutsen wurde moatte om't der net op 'e tiid ûnderhâld west hast. De "Jaarstukken 2000" fan "Bouwcorporatie Heerenveen" hawwe it oer "onvoldoende aanbod van woningen met een huurprijs van minder dan f. 600,-". FINANSJES EN EKONOMY De gemeente moat der alles oan dwaan om te soargjen dat de wolfeart fan de ynwenners sa grut is, dat ek de swaksten fatsoenlik rûnkomme kinne . Yn wrâld-ferbân moat mear omtinken jûn wurde oan de skealike gefolgen dy't ús wolfeart foar de tredde wrâld hat. De gemeente moat it brûken fan tropysk hurdhout belêste en it dêrmei yn te barren jild besteegje oan it befoarderjen fan hurdhout-plantaazjes, it leafst yn oparbeidzjen mei oare gemeenten. 1 De taak fan de gemeentlike oerheid foar it bedriuws libben oer is beheind, mar as it heal kin moat stribbe wurde nei safolle mooglik stipe foar nije ûntjouwings. Hjir moat benammen by tocht wurde oan: a produksjemetoades dy't freonlik binne foar minsken en miljeu en b produksjemetoades dy't rjochte binne op lyts skaligens, alternative enerzjy en enerzjy-bespar ring. De gemeente sels heart dêr it foarbyld by te jaan. 2 Salang't de mooglikheid ta it krijen fan lanlike en Europeeske stipe bestiet, moat de gemeente fansels besykje dêr har part fan te krijen. Dochs fynt de FNP it ferkeard dat in grut part fan 'e gemeentlike enerzjy en saakkundigens bestege wurdt oan it yn 'e wacht slepen fan sokke stipe ('lobbyen'). It giet by eintsje beslút dochs meast oer it weromheljen fan ús eigen belêstingjild en dat kin neffens de FNP folle better en effisjinter daliks sels bestege wurde, dus sûnder dy omwei oer Den Haach of Brussel. 3 Om de ekonomy te stimulearjen, moatte de mooglikheden fan Public Private Partnership (PPP)- konstruksjes stipe wurde. (By PPP-konstruksjes is it te rêden om oparbeidzjen tusken it partikuliere bedriuwslibben en de oerheid; de finansjele gefolgen wurde dan evenredich ferparte.) 4 Der sille sûnder mis maatregels nommen wurde moatte om de finansjele posysje fan de gemeente sûn te hâlden. In ferstannich en sunich finansjeel belied moat útgongspunt wêze. WURKGELEGENHEID De slim feroarjende maatskippij stelt de mienskip foar problemen. As men de sosjale soarch bliuwend stal jaan wol, sil dat net allinnich in mentaliteitsferoa ring freegje, mar hieltyd wer op 'en nij ek in grutte ynset fan de mienskip fergje. 1 De wurkleazens ûnder de jongerein moat mei krêft oanpakt wurde: a troch it ûnderwiis safolle mooglik oanslute te litten by it bedriuwslibben (dat ek foar it bedriuwslibben sels fan belang is); staazje is dêr in tige goed ynstrumint ta en dêrom moat it bedriuwslibben oan trune wurde staazjeplakken beskikber te stellen; b troch de linen fan it bedriuwslibben nei it ûnderwiis te ferkoartsjen, sadat it ûnderwiis doelmjittiger en earder op it bedriuwslibben ynspylje kin; c troch it opsetten fan wurkûnderfiningsprojekten en kursussen op alderhanne mêd. d troch minsken dúdlik te meitsjen dat men net foar ien fak yn 'e widze lein is, mar ferskate talinten hat (fleksibilisearring + permaninte edukaasje). Want hâlding en fakkennis beide binne wichtich. 2 Dieltydwurk moat stimulearre wurde mei it doel om mear minsken oan wurk te helpen en om yn te spyljen op maatskiplike feroarings. Net-betelle wurk leveret in ûnmisbere bydrage ta it goed funksjonearjen fan it gehiel; it moat om dy reden stipe en wurdearre wurde, mar frijwilligers moatte gjin betelle krêften ferkringe. 3 It jaan fan stipe oan bedriuwen mei net fan dy gefolgen wêze dat konkurrinsjeferfalsking ûntstiet en moat benammen rjochte wêze op it skeppen fan mear wurkgelegenheid. Der moat nei stribbe wurde, dat nije bedriuwen op 'e doarpen har safolle mooglik fêstigje yn besteande (be driuws)pannen en op de dêr ta oanwiisde bedriuws terreinen, soks yn oerlis mei doarpsbelang en it be driuwslibben op dat doarp. 4 It IBF (Megapark) moat ta lytsere ienheden ferkavele wurde, no't dochs net mear grutte yndustriën op daagjen komme en der ferlet fan lytsere terreinen is. De yndustriële bou sil berekkene wêze moatte op mear ferdjippings om sa romte te sparjen. 5 Fan de ûnderfining dy't âldere wurkleazen ha, moat safolle mooglik gebrûk makke wurde, b.g. troch har yn te skeakeljen by it begelieden fan stazjêres of yn it frijwilligerswurk. 6 De besteande wurkgelegenheid foar minsken mei in legere oplieding moat alle romte krije (sjoch it positive effekt fan trochstreamen nei oar wurk út b.g. SCI). LANBOU It lânboubelied hat der yn de jierren nei de oarloch op rjochte west om alles sa effi sjint en ekonomysk mooglik te meitsjen, sadat de priis fan it deistich iten leech bleau en de wolfeart omheech gie. Lang om let is ús mienskip belâne by mono kultueren en fersmoarging. Foar de FNP heart de boer in dúdlik plak yn de gemeente te hâlden. It komôf fan de produkten moat altyd dúdlik wêze. 1 Der moat by it buorkjen -mear as oant no ta- fan útgien wurde, dat natoer en lânskip part fan de bedriuwsfiering útmeitsje. Der moat ynmoedich socht wurde nei bettere bestridingsmiddels, mar benammen nei middels dy't sa skealik net binne. De sosjale en finansjele gefolgen dêrfan moatte goed besjoen en byneed troch de mienskip opfongen wurde. Lykwols, soks kin net slagje sûnder oerlis op Europeesk en wrâldnivo. 2 Om it aard fan in lytsskalich lânskip te hoedzjen, kin skaalfergrutting yn de lânbou net rûnom sûnder mear tastien wurde, ek al liedt dat ta hegere prizen. Om deselde reden sil mei it beboskjen fan boerelân hoeden omgien wurde moatte. 3 Mei it each op it miljeu en de folkssûnens moat de alternative lânbou, d.w.s. de biologysk-dynamyske en de ekologyske, oanmoedige en stipe wurde. Yn it belang fan it hiele minskdom moat stribbe wurde nei dongmetoaden dy't de grûn ek op de lange doer noch fruchtber hâldt ('duorsume lânbou'). De saak kundigens fan de Fryske boer moat brûkt wurde om metoaden te ûntwikkeljen dy't sa goed mooglike op bringsten jouwe. De gemeente moat projekten op dat mêd befoarderje en besykje dêr ek op hegere nivo's subsydzje foar te krijen. As miljeufreonlik oankundige produksje-metoaden moatte hifke wurde op echte duorsumens. 4 Salang't de blombolleteelt (benammen de leeljeteelt) anneks is mei it op grutte skaal brûken fan gemyske bestridingsmiddels, moat de gemeente alle war dwaan dy teelt tsjin te gean. 5 Om oerbedongjen en belêsting fan natoer en miljeu tsjin te gean moat de gemeente alle war dwaan om yntinsive feehâlderij fan bûten de provinsje op te kearen. 6 Besmetlike feesykten lykas tongblier (MKZ) moatte bestriden wurde troch ynintsjen. 7 De gemeente moat it brûken opkeare fan bûtenlânske produkten dy't kweekt binne mei bestridingsmiddels dy't yn Nederlân ferbean binne. Dat om folkssûnens en earlike konkurrinsje te befoarderjen. FERKEAR EN FERFIER Hoewol 't it motorisearre ferkear it miljeu oantaast, kinne plattelâns gemeenten -dêr 't it iepenbier ferfier minimaal is- net sûnder de auto. Om de feiligens foar fuotgongers en fytsers sa grut mooglik te meitsjen, binne lykwols beheinende maatregels nedich foar dat ferkear, benammen op it stik fan hoe hurd riden wurde mei. It iepenbier ferfier moat ferbettere wurde en moat net ûntmoedige wurde troch ferkearsdrompels: mini-rotondes binne bettere 'gong-remmers'. By alle maatregels moat yn it foarste plak tocht wurde om beheinden, fuotgongers en fytsers, sadat dy ek sa feilich mooglik oan it ferjear diel nimme kinne. 1. It brûken fan it iepenbier ferfier moat stimulearre wurde troch a safolle mooglik gebieten te ûntsluten, benammen yn it bûtengebiet, b goede foarsjennings by de bushaltes wat wacht hokjes en it oanjaan fan reistiden oanbelanget, c feilige fyts- en fuorgongersrûtes fan de ferskillende wengebieten nei it stasjon ta. d te soargjen dat de aktiviteitesintra en yndustry gebieten maklik mei iepenbier ferfier te berikken binne. 2 De gemeente moat it brûken fan de fyts en it iepen bier ferfier oanmoedigje. It is fan grut belang dat der fytspaden komme op plakken dêr't bern drokke diken del moatte. 3 Der moat gjin magneetbaan komme as ferbining tusken Amsterdam en Grins. De hege kosten dêrfan -dêr't Fryslân flink oan meibetelje moat- wage net op tsjin it profyt dat de Fryske boarger by dy ferbining ha sil. Boppedat is sa'n sweeftrein in slimme oantaasting fan it lânskip. It oanlizzen fan it Suderseespoar of it ferbetterjen fan de bestean de ferbining hat de foarkar. 4 As wenjen foarop stiet moat de auto him oanpasse: yn wenwiken en doarpskearnen sûnder troch geande ferkearsstreamen sil net hurder riden wurde meie as 30 km. By trochgeande rûtes moat dêr in maksimum jilde fan 50 km. Ferkears drompels moatte ferfongen wurde troch freonliker en dúdliker merktekens, dy't oanjouwe dat men in wengebiet ynkomt. 5 Om de parkeardruk op it sintrum fan It Hearrenfean te ferminderjen, is betelle parkearen in goed middel. Op koarte termyn moat der mear frije en betelle parkearromte by it sintrum komme. Soe dêrby besletten wurde moatte ta in parkear garaazje, dan moat de gemeente dêr net mear as beheind oan bydrage. De mooglikheid fan in parkeardek -dat folle goedkeaper is- moat goed besjoen wurde. In goed parkearbelied betsjut, dat der gjin auto's by oare minsken foar de doar set hoege te wurden. 6 Yn it ramt fan 'e Wet Voorziening Gehandikapten (WVG) hat de gemeente de soarchplicht foar it ferfier fan 'e handikapte. Der moat om tocht wurde dat dat ferfier ek goed funksjonearret foar it bûtengebiet fan ús gemeente. 7 Der moatte mear plakken komme dêr 't fuotgongers in dyk yn twa kear oerstekke kinne. NOG MOEITE MET FRIES LEZEN? WIJ HEBBEN VOOR U EEN NEDERLANDSTALIGE SAMENVATTING! Progr02a.ac2/pk Wolle Jo lid of stiper wurde fan de FNP? Hawwe Jo fragen oer it program of oer oare politike saken? Nim kontakt op mei: Poppe Hooijsma (listlûker), Kanadezeleane 6, 8454KR Mildaam, tel.: 0513-632771 of Pyt Kramer (foarsitter), De Tsjerne 17, 8454 KW Mildaam, tel.: 0513-632904 KANDIDATELIST foar de gemeenteriedsferkiezings 2002 1 Poppe Hooijsma Mildaam 2 Tryntsje Bakker-van der Molen It Oranjewâld 3 Siene H. Bremer Jobbegea 4 Gryt Koudenburg-Sijtsema Nijhoarne 5 Py t Kramer Mildaam 6 Germ de Jong Nijhoarne 7 Lysbet Draaisma It Hearrenfean 8 Klaas de Haan Hoarnstersweach 9 Bob Sijtsma It Hearrenfean 10 Arjen Draaisma It Hearrenfean 11 Baukje Haagsma-Seffinga Mildaam 12 Sjoerd Palstra It Hearrenfean 13 Tineke Bleeker It Hearrenfean 14 Paula Dykstra-Sloot Bontebok 15 Wiebe Hofstra It Oranjewâld 16 Flip Yntema Nijskoat 17 Reinder Bakker It Oranjewâld |