|
![]() |
Munten (sawat op dûbele en op wiere grutte):
Euro-sint 
botsen 
stoer 
dûbeltsje 
skelling 
healgûne 
Euro-gûne 
kroan 
Muntbiljetten (sawat op wiere grutte):
fyfke
tientsje
tweintichje
fyftichje
hûndertsje
twahûndertsje
fiifhûndertsje
Euro-jild.
Wy sille wol net mear oan de Euro ûntkomme, mar men wol dochs
jins jild beneame kinne. De Eurosint en de Eurogûne sil wol gau
genôch wenne, mar mei dy oaren wurdt it wat slimmer. Der komt
nammers in 1-2-5-ferdieling en dat wol sizze dat der mear
bykomme, wylst in wurd as 'kwartsje' net mear te brûken is.
Men soe no it folgjende útstelle kinne:
| 0,01 Euro-sint 0,02 botsen 0,05 stoer 0,10 dûbeltsje 0,20 skelling 0,50 healgûne 1,00 Euro-gûne 2,- kroan 5,- fyfke 10,- tientsje |
De botsen wie der noch yn myn bernetiid en ús pake prate noch
fan skellings en kroanen. Mar dat is lang genôch lyn om gjin
betizing mear te jaan.
P.Kramer, 24-4-1998.