FRAMES
Wolris in stee sjoen mei sa'n moaie ynhâldsopjefte, dy't
ręstich stean bliuwt wylst teksten en foto's drok hinne-en-wer
bewege? Mei tabellen kin dat net, want dan beweecht alles tagelyk
(al haw ik dat op eigstee.htm besocht te bemanteljen troch de
kolom YNHALD mearfâldich út te fieren).
De goede oplossing dęrfoar is lykwols te finen yn FRAMES. Dat
binne fekken dy't apart faninoar bewege kinne.
Hoe't dat moat is te lęzen yn HTML op het net -
Frames en Handleiding
HTML - Frames en mei JavaScript yn
Handleiding
HTML - JavaScript - Frames of PC Aktief
Computerclub - Cursus Javascript
Ik haw dat útwurke yn it folgjende foarbyld.
Om te sjen hoe 't alles sit, kin men it út 'e browser earne
kopiearje. Troch ynpleats fan "cols" te brűken
"rows" űntsteane horizontale fekken.
De ynhâld fan elk frame (hjir ynhald.htm en tekst.htm) kin
gewoan yn FrontPage Express bewurke wurde, mar it frame-bestân
(framtes13.htm) net. Dat kin wol troch yn 'e browser op Beeld/
Bron te klikken, dan ferskynt de html-koade yn Kladblok.
Der kin ek in oare side yn in frame set wurde (oareside.htm).
Mei in gewoane hyperlink bliuwt men yn it frame; om wer op it
hiele skerm te kommen, kin TARGET="_top" tafoege wurde;
beide műglikheden binne jűn op oareside.htm.
Troch TARGET="_blank" ta te foegjen wurdt de link yn in
nije side iepene.
Stipet in (âldere) browser gjin frames, dan soe by it oproppen
fan frames gjin byld ferskine. Om dy reden is yn 'e FRAMESET fan
frametest13.htm tafoege:
<NOFRAMES> Jo browser stipet gjin frames. Gean nei <a
href="frames.htm">frames.htm</a>
</NOFRAMES>
Om brűkers fan sa'n browser net teloar te stellen, wol ik oeral
yn FRAMESET nei de tekstside ferwize. Sa wurdt b.g. op frysk.htm
ferwiisd nei fryskt.htm.
Werom nei eigstee.htm