Telepaty
Ferwachtsje hjir net in dweperich ferhaal, want as technikus bin
ik frij kritysk.
Ferwachtsje ek gjin bewizen fan telepaty, want ik ûnderfyn
telepaty en hoech it dus
net te bewizen. Geregeld sjitte persoanen my nammentlik yn't sin
koart foar 't ik in brief
of berjocht fan harren krij. Alhoewol't ik der spitigernôch gjin boek fan holden haw*,
liket der by my dochs wol in signifikant ferbân te wêzen.
Yn it wurk oan healgelieder-materiaal bin ik gauris frjemde
ferskynsels tsjinkommen; guon koene oplosd wurde, mar guon ek
daliks net. De ûnderfining leart lykwols, dat sokke riedsels
letter altyd oplosd wurde. As telepaty wier bestiet, sil it
dêrom op normale natuerwittenskiplike wize te ferklearjen wêze
moatte.
Foar ús nomadyske foarâlden moat telepaty tige nuttich west
hawwe. Halbe Doele fertelde dat er ris yn Laplân wie, doe't syn
Sami-gasthear ynienen sei: "Der is wat mei myn broer; ik
moat der hinne." En daliks reizge er ôf, nei wêr 't syn broer mar mei syn rindieren op'e grutte flakten
weidzje mocht. Betink lykwols, dat telepathy foar ús yn ús tiid
fan elektroanyske post in frij nutteleas ferskynsels is.
De bedoeling fan dizze side is om ferwizings te jaan nei siden
dy't in wittenskiplike ferklearring fan telepaty jouwe
of der alteast op in krityske wize oer redendiele.
Ta myn spyt haw ik by in earste syktocht net folle fûn, al binne
der tûzenen siden oer it ûnderwerp. Wol is der gâns
kwasy-wittenskiplik materiaal, mar dêr giet it net om. Ik hoopje
dat it folgjende derop troch kin.
*) It is wol wat beswierlik om dêr boek fan te
hâlden, want hoefolle kear deis tinkt men wol net oan minsken?
It wurdt earst fan belang as der dan flak neitiid in berjocht fan
sa'n ien komt. Ik moat tajaan dat dat krekt wolris de swakte fan
dizze 'bewizen' wêze kinne soe!
Correx Archives - Telepathy ["When you look into these experiments really thoroughly, you find something wrong"]
Study:
Critical Thinking: Pseudoscience, \Extrasensory
Perception..Telepathy\ 1/2
["The existence of an ESP ability in humans or other animals
would not be consistent with anything we know about
nature"]
TELEPATHY
PART 3 - Paranormal Phenomena -
http://64.225.121.177/mapit/TELEPATHY_PART_3
["If Telepathy truly does exist, not simply misobservation,
then it must inevitably be natural and fall within
the scientific criteria or remit"]
Scientific Study of Paranormal Phenomena ["Aliens on Earth Bookstore"]
December 1999 Cover Story - Telepathy - the ultimate telecoms breakthrough ["Artificial intelligence application"]
On Telepathy ["Telepathy alone affords very strong evidence of immortality"]
Skeptic's
Dictionary: ESP (extrasensory perception)
["Nor should we assume that what is inexplicable requires a
paranormal (or supernatural) explanation"]
Scientific reality versus spiritual reality ["Avoid being trapped in a physical way of thinking"][!]