Hoe Frysk is it Frysk? Deutsch
P. Kramer
(Lêzing holden op it Filologekongres fan 'e Fryske Akademy,
9-12-1999.
Tekst ferskynt yn "Philologia Frisica" en ferkoarte yn
"De Pompeblêden".)
Gearfetting. Yn dizze stúdzje wurdt berekkene
hoefolle fan it Aldfrysk bewarre is yn fjouwer Nijfryske
tongslaggen yn Nederlân en Dútslân (sj. kaart).
Dêrby wurdt útgien fan de 197 meast foarkommende wurdtypen en
sadwaande fan 65% fan'e deistige taal (de wurdtekens).
It resultaat ferskynt yn grafyk 1, tegearre
mei it gehalte oan ferlern gien en oan nijfoarme wurdmateriaal en
it gehalte oan út it Nederlânsk/Nedersaksysk of út oare talen
ôfkomstige wurdtypen.
Grafyk 2 jout it gehalte oan Aldfrysk yn de
moderne tongslaggen en grafyk 3 de ferdieling
oer de klassen fan foarkommen, dêr't út ôflaat wurdt dat yn 'e
net beskôge 35% fan 'e taal (dat is it tige grutte tal wurden
dat net sa faak foarkomt) de ferdieling sawat gelyk wêze sil.
Grafyk 4 as lêste lit it gehalte oan
karakteristyk Frysk sjen yn it Aldfrysk, yn 'e fjouwer Fryske
tongslaggen en yn fjouwer oan it Frysk grinzgjende net-Fryske
tongslaggen yn Nederlân.