Oer de kontinu ïteit fan it Frysk
In moai liet hat it oer "langer al as tweintich ieuwen"
dat it Fryske folk bestien hawwe soe. Dat berêst op de
fermelding fan Frisii troch de Romeinen yn it begjin fan
ús jiertelling. Ut brânlagen yn 'e terpen naam de archeolooch
P.C.J.A. Boeles (Friesland tot de elfde eeuw, Den Haag 1 1927, 2
1951) lykwols oan dat der as gefolch fan de Angelsaksyske
ynvaazjes yn 'e 5te ieu in hiele nije Anglo-fryske kultuer
ûntstien is (II, 207-258). Dat waard fûl bestriden, mar de
lêste tiid wurdt der dochs wer oan tocht. (Nieuwsselectie:
Cultureel Supplement). Sjoch ek: Danny Gerrets, "The
Anglo-Frisian relationship seen from an archaeological point of
view" yn: V.F. Faltings e.a., ed. Friesische Studien II,
Nowele supplement vol. 12, Odense (1995).
In teory fan bewenningsûnderbrekking wurdt stipe troch it feit
dat der yn Fryslân wol foargermaanske wetternammen (b.g. Rien,
Flie Schönfeld, Ned. waternamen 63ff..) foarkomme, mar
oars as yn Drinte hast gjin foargermaanske plaknammen. It
bewarjen fan de folksnamme Friezen is net sa frjemd: de
âlde Britten en Prusen binne allang ferdwûn,
mar dochs brûke wy dy folksnammen noch gauris.
It ûntbrekken fan it foarheaksel ge- yn it ôfslutend
mulwurd (part. pt.) is gjin dúdlik teken fan Anglo-Fryske
taalmienskip, om't yn it Aldfrysk gauris e- foarkomt en
yn it Angelsaksysk ge-.
It is ek nuodlik om de fersprieding fan wurden as teken fan
stamferdieling te brûken: ing. horse hat neat te krijen
mei frysk hynder, mar wol mei ndl. ros, wylst paard/Pferd
ûntliend is út middellatynsk paraverêdus. Ingelsk back
is ûntstien út Aldingelsk bæc, dat yn de betsjutting
'rêch' lykwols neffens it tal gearstallings fier oertroffen
waard troch hrycg. Ingelsk corner < Lat. cornû
en hat dus neat te krijen mei horn. Wol kaam Aldingelsk.
hyrn foar (Frysk herne), mar dêrneist ek hôc.
De taal kin fierders ek gjin kontinuïteit
bewize: de nammekundige Maurits Gysseling hat fêststeld dat
Fryske ferskynsels yn plak- en persoansnammen (b.g. ans
> os yn goes, Oegstgeest) earst yn
'e achtste ieu optrede en dat it Frysk him dus doe earst ta in
aparte taal ûntwikkele hat (Fryske stúdzjes oanbean
oan Prof. Dr. J.H. Brouwer, Assen 1960: 77-80). Nammers ek de
oare Westgermaanske talen hawwe earst om dy tiid har aparte
marktekens krige. Sa skaatte it Heechdútsk him ôf troch de
twadde lûdferskowing (b.g. Schip > Schiff)
sûnt de ein fan 'e sechste ieu (Naumann/ Betz, Althochdeutsches
Elementarbuch, Sammlung Göschen 1111/1111a, Berlin 1962:
20f.). It Aldingelsk ûntstie earst nei de kolonisaasje fan
Grut-Brittannië yn 'e fyfte ieu (b.g. John Hines, Focus and
boundary in linguistic varieties in the north-west germanic
continuum, V.F. Faltings u. A. (Hrsg.), Friesische Studien
II, Odense University Press 1995: 35-62. (Tekst sjoch ûnder).
Der wurdt dus blykber oannommen dat der foar it ôfspjalten fan
al dy talen in mienskiplike westgermaanske taal praat waard. In
mûglike ferklearring dêrfan kin fûn wurde troch oan te nimmen
dat de nije ynkommelingen koart tefoaren nomaden wiene. Dat talen
yn sa'n koarte tiid foarme wurde kinne, besykje ik te ferklearjen
yn Taal,
wat giet oer it ûntstean fan de ûnderskate Fryske tongslaggen
om 1500 hinne. It dêrtroch ûntstiene ferskaat
is no noch te hearren.
By al dit soarte saken moat der om tocht wurde, dat der oangeande
de midsieuwen yn dizze kriten noch in soad ûnwis is. Wol frij
wis is, dat de grutste midsieuwske hannelers
fan 'e Noardsee ús famylje binne.
Ik fyn it lykwols folslein ferkeard om te rêsten op dy âlde
eare; minsken moatte grutsk wêze op wat hja no binne en op 'e
taal dy'y hja no hawwe, mei al syn nijsgjirrige nijfoarmings.
Dan kinne wy faaks ek wat mear each hawwe foar de nijsgjirrige
kanten fan oaren. PK, 23-12-2000.
TAHEAKKE
In pleitbesoarger fan de kontinuïteit is H.
Halbertsma. Op side 301 fan syn nij boek Frieslands oudheid
wurdt dat nochris dúdlik útienset. It is nammers in prachtich
boek fan 406 siden op grut formaat, prachtich illustrearre, goed
lêsber en dochs ferantwurde en bywurke neffens benammen
skriftlike boarnen út hiel Nederlân en oangrinzgjende gebieten.
Dêrom is it foar myn gefoel wol it masterwurk fan dizze
trêftige archeolooch en histoarikus, dy't it ferskinen fan it
boek lykwols net mear belibje meien hat. PK, 9-3-2001
Frieslands oudheid. Het rijk van de
Friese koningen, opkomst en ondergang.
Uitgeverij Matrijs, Utrecht, 2000. f. 79,90, tydlik f. 69,90 oant
1-7-2001. E-mail:
uitgeverij@matrijs.com
![]() Gysseling 80 |
||
![]() Naumann/ Betz 20 |
||
![]() Hines 51 |