Politike stikken
Hjir publisearje ik guon fan myn stikken dy't al of net earne oars ferskynd binne.
Foar eardere stikken sjoch fri_art2.htm

Bang

* Turkije 1920: oarloch ferlern en mear as de helte fan it grūngebiet kwytrekke: eangst foar westlike kristlike oermacht: massamoard op kristlike Armeniėrs.
* Dśtslān 1933: oarloch ferlern en grūngebiet kwytrekke: grutte earmoed en eangst foar Joadske finānsjele oerhearsking: wrede diktatuer en twadde wrāldoarloch mei miljoenen deaden en skriklike Joademoard.
* Nederlān 1948: "Indiė verloren, rampspoed geboren": wrede koloniale oarloch, dy 't krekt makke dat alle bannen mei Yndonesiė ofsnien waarden.
* Amearika 1964: eangst foar kommunistysk oerwicht: ferskriklike Vietnam-oarloch.
* Kambodsja 1975: eangst foar kapitalisme en stedskultuer: miljoenen fermoarde.
* Joego-Slaviė 1999: eangst foar mohammedaansk oerwicht: miljoenen minsken ferdreaun yn Bosniė en Kossovo.

Foar hast alle moderne oarloggen en gefallen fan ūnderdrukking is in faktor eangst as oarsaak oan te wizen. En yn al dy gefallen wurde de tsjinstanners as bisten behannele. It liket in gefoel śt 'e oertiid, dat makket dat de meast absurde diktators kritykleas folge wurde. En faak giet it om eangsten dy 't net reėel binne of dy 't troch oerlis śt 'e wrāld holpen wurde kinne.

En tochten Jo dat wy der yn śs maatskippij frij fan wiene? Wˆr komt de noch altyd hjir en dˆr besteande ūnderhūdske wjerstān tsjin it Frysk dan oars wei as śt eangst foar teloargean fan de Nederlānske ienheid? En dy ienheid wurdt net iens bedrige. Mar as dat al sa wˆze soe, wie dat it dan wurdich om minsken te diskriminearjen?

Lit śs dochs śs eangsten iepen ūnder eagen sjen, dan ferdwine se faak as snie foar de sinne. Dan kinne wy ek ophālde mei inoar te fernederjen en yn 'e hoeke te setten! [PK, 11-5-99]

Werom nei: frysk.htm