![]() YNHALD___ Werom nei: frysk.htm |
|
|||||||
![]() Werom nei: frysk.htm |
It
programma In programma om sa'n stee te meitsjen hawwe de measten fan ús wol. By Windows 98 sit nammentlik as ekstra it programma FrontPage Express. As it net op it buroblêd stiet, dan kinne Jo it mei de Verkenner sykje. Yn C:\Program Files\FrontPage Express\BIN sit Fpxpress.exe. Sleep dat mei de mûs op it bureaublêd, dan kin dêr altyd wei start wurde. !!!FrontPage Express kin ek delladen wurden fan http://www.iselinge.nl/scholenplein/techniek-downloaden.htm Yn FrontPage Express kinne Jo samar type: "Dit wurdt myn webstee!" Slach it dan op Als Bestand ûnder de namme index.htm (mei lytse letters). Unthâld wêr 't it stiet. En dan komt it 'opladen' en
dat hat my gâns muoite koste, want mei de yn Windows
oanwêzige Inetwiz koe ik neat wurde en ek net
mei in oar programma.
|
|||||||
![]() Werom nei: frysk.htm |
Aksinten Aksinten type yn FrontPage Express kin eins net. Guon wolle noch wol mei ALT/nûmer, mar by ALT/136 (= ê) springt it hiele skerm fuort en it wurket ek lestich. Doe haw ik it mei myn WP6.0 tekstferwurker besocht, selektear de typte tekst en bring se dan mei knip en plak nei FrontPage Express. Mar WP6.0 levert gjin html-koade en it skerm fan FrontPage komt fol koades te stean. Dêr ha wy it folgjende op fûn. Ik bring de tekst fan WP6.0 earst nei it tekstskerm fan myn e-mail programma HotMail en dan dêrwei nei FrontPage. Dan binne alle koades fuort en de tekst stiet der mei alle aksinten. Wol moat de opmaak op'e nij makke wurde. It kin ek mei oare tekstferwurkers, lykas WordPad. Fansels kinne aksinttekens ek per stik fan it skerm oernommen wurde mei Kopiëren en Plakken. Ik jou hjir in hiel rigeltsje: â ê ô û - á é
í ó ú - à è ì ò ù - ä ë ï ö
ü Ä Ö Ü - å æ ø Å Æ Ø - ß µ ð
Ð þ Þ ñ ç Matematyske tekens: Fonetyske tekens:
|
|||||||
![]() Werom nei: frysk.htm |
Opmaak FrontPage is fergees en dat betsjut dat der eins gjin hantlieding by sit; de helpfunksje liket mear op reklame. Gelokkich binne der ferskate websteden dêr 't men help fine kin, lykas: Hjir folgje wat weetsjes: Foarbyld fan in side mei eftergrûn.
|
|||||||
![]() Werom nei: frysk.htm |
Hyperlinks Meitsje no in side muzyk.htm en typ dêr de tekst "Tetteretet!" op. Gean no wer yn FrontPage Express nei index.htm en meitsje ûnder "Dit wurdt myn webstee!" in nije rigel. Kies yn menu Invoegen de opdracht Hyperlink. Typ yn Hyperlink maken ûnder World Wide Web by URL de tekst muzyk.htm en klik OK. No stiet op index.htm de tekst muzyk.htm yn blau. Laad no beide siden op en kies yn Internet Explorer Jo www-adres. Klik no op Vernieuwen en muzyk.htm ferskynt dêr ek. Klik dêr op en dan ferskynt "Tetteretet!". Op dizze wize kinne Jo nei alle mûglike siden ferwize, ek dy fan oaren. As jo de betreffende side yn ('e earst iepene ferzje fan) Internet Explorer oproppen hawwe, dan stiet er automatysk al by URL. By lange
teksten is it ek mûglik om in ynhâld mei hyperlinks te
meitsjen dy 't nei de ûnderskate tuskenstikjes ferwize,
lykas op dizze side yn 'e griene balke YNHALD links.
|
|||||||
![]() Werom nei: frysk.htm |
HTML-koade Klik op HTML.. yn menu Beeld. Dan ferskynt de HTML-koade fan de side dy't Jo krekt makke hawwe. Dêr stiet hiel wat bekends yn, mar ek nochal wat koade. Eartiids moasten wy dat allegearre sels sa yntikje, mar no set FrontPage Express dat der foar ús by. Dochs is it wolris maklik om wat yn dy HTML-koade te feroarjen. Sa stiet aardich boppe-oan title. As Jo dêr by it opslaan fan 'e side neat foar ynfolle hawwe, dan nimt it programma automatysk de earste wurden fan'e skermtekst of oars in earder brûkte titel. Yn earste ynstânsje lûkt men jin dêr neat fan oan, mar it is wol de tekst dy't by de ûntfanger ûnder op'e explorer-balke komt te stean en noch folle slimmer: nei oanmelding by in sykmesine komt er fet boppe de fermelding te stean! Dêrom is it sa maklik om dat yn HTML weergeven en bewerken ienfâldich te feroarjen ta in moaie en pakkende titel. Klik dan op OK en klear is it! Mear hjiroer: HTML op het net - Welkom It plakken fan koade kin spitigernôch net yn FrontPage Express, mar dêr haw ik wat op fûn. Sjoch plakke.htm Yn Internet Explorer kin koade besjoen wurde mei Beeld/ Bron. In side fan in oar kin opslein wurde yn Internet Explorer mei Bestand/ Opslaan als... Webpagina, volledig. Start FrontPage Express en iepenje de side mei Openen. No kin moai besjoen wurde hoe't alles wurket. Dit wiene myn ûnderfinings yn grutte halen. Ien mei erfaring sil it grif better kinne, mar dy sjocht de swierrichheden fan 'e begjinner net mear. Yn pleats fan .htm kin ek .html typt wurde, mar ik mien dat it yn FrontPage Express sa handiger giet. PK Foarbyld fan in side mei fraach en antwurd.
Wolle Jo net dat
sykmesines (Google) Jo side lêze, sette dan boppe yn'e
HTML-koade (tusken <head> en </head>): <meta name="robots"
content="noindex"> |